Gemeente stekt hast 4 ton yn tydlike oplossing ôfritten Sneek-Oost yn A7 en N7

Der komt in tydlike oplossing foar de ferkearsproblemen by de ôfritten 'Sneek Oost' yn de A7 en N7 by Snits. De gemeente Súdwest-Fryslân stekt dêr 375.000 euro yn. Foar de simmer komt de gemeente mei ferskate senario's foar de fyts.
Jild foar tydlike oplossing ôfritten Snits-East
Der komt in ekstra rydstrook op de rotonde en de tarit nei de rotonde wurdt ferdûbele. Foar de langere termyn wurdt tocht ferbreding fan de súdlike rûnwei, mei ekstra rydstroken. It moat derfoar soargje dat it ferkear net langer stilstiet op de A7 en de N7.
Yn de spits stiet it dêr geregeld stil. De rotondes ûnderoan dy't it ferkear rjochting de stêd liede moatte, kinne dan de drokte net oan.

Gefaarlik foar fytsers

Foar fytsers smyt dat ek gefaarlike situwaasjes op. As je fan De Jouwer nei Snits fytse, moatte je oer 5 rydbanen hinne. De gemeente siket dêrfoar noch in goede oplossing, seit wethâlder Mirjam Bakker: "We zijn nog aan het kijken wat de beste route zou kunnen zijn. We dachten zelf langs het Rasterhofpark maar de omliggende dorpen zijn daar op tegen. Zij vrezen voor de sociale veiligheid."
© Google Streetview
It giet om in tydlike oplossing, mar it is net fuortsmiten jild seit Bakker: "Deze tijdelijke maatregel past in de definitieve oplossing die wij voor ogen hebben. Daar zijn we nog over in gesprek met onder andere Rijkswaterstaat en de politie."
Wannear't der in definitive oplossing leit en der in oplossing is foar de feilige oerstek fan fytsers kin Bakker noch neat sizze.
Wethâlder Mirjam Bakker