Hektyk fan Spelen giet lâns Anema hinne: "Feestfieren slagget my net sa"

In gouden medalje foar Irene Schouten en in teloarstellende rit foar Jorrit Bergsma; hoe giet it mei trainer Jillert Anema út Bontebok op de Olympyske Spelen?
Jillert Anema mei Irene Schouten © ANP
De Spelen begûnen goed foar syn team mei de gouden medalje fan Irene Schouten op de trije kilometer. Hoe wie dat? "As it gjin goud wurden wie, hie de sfear wol oars west. Grimmitich, sa fan: it moat oars. We binne as team ûnderweis, we ha in goeie wedstriid en in minder goeie wedstriid hân", seit de Fryske reedrydcoach Jillert Anema út Peking wei.
Is er dan net bliid mei it goud? "Ast bliid bist, jout dat endorfinen yn dyn liif en dêrtroch kinst net mear prestearje. In kwaliteit fan de begelieding is dat we net bliid binne, mar ek net teloarsteld. We moatte gewoan wer nei de folgjende wedstriid." Komt dat feestfieren dan wol nei ôfrin? "Dat is miskien wol in swak punt fan my, dat feestfieren. Dat slagget my net sa."
Jillert Anema mei Jorrit Bergsma © ANP
Syn analyze oer de fiif kilometer fan Jorrit Bergsma is helder. "Hy begûn te rêstich en dan moat er dat oppakke en dat slagge net. We moasten nei 29,1 as rondetiid. Ut de training witte we dat dat kin. De earste ronde wie 29,5 en dan kinst noch ien kear warskôgje dat it hurder moat. En dan is it wer 29,5, dan is de race gewoan oer. Dan is der gjin kâns mear op in medalje. Dan steane je dêr in bytsje ferlern." Foar de tsien kilometer kin it noch wol. "It sit wol yn syn liif. Hy is wol goed."

Feilich gefoel

Fan de hektyk om de Spelen hinne krijt er net folle mei. "It giet wat lâns my hinne. De wedstriden binne itselde as by oare wedstriden, mar we sitte wat opsluten yn in 'konsintraasjekamp'. Dat is it bysûndere. De maatregels binne der net foar neat. It is strikt, mar it fielt wol feilich. Ik tink dat it hjir ien fan de meast safe plakken op de wrâld is."
De opluchting wie grut dat fiif dagen nei oankomst net ien posityf teste. "Dan bist hjir en dan binne dy maatregels der. Minsken rinne hjir yn maanpakken om en de flier wurdt spuite. It measte hoecht miskien net iens, mar it jout wol in feilich gefoel."

Sfear is goed

De sfear yn de ploech is goed. "We binne 200 dagen yn it jier mei-inoar op paad. Ride is in gefoel. As it gefoel net goed west hie, dan hienen se net sa hurd ride kinnen. Dus dy sfear is wol goed. As minsken by ús binne, sille se miskien tinke wat in deade bedoening. We binne net sokke praters."
Ik ha folle mear lêst fan in minne rit fan Jorrit as dat ik bliid bin oer de rit fan Irene.
Jillert Anema
Op de fraach wêr't Anema it meast nei útsjocht, hat er in ferrassend antwurd: "Wer thúskomme. En thúskomme mei in soad medaljes makket it de muoite wurdich."

Rjochte op resultaat

"Ik ha al fjouwer, fiif moannen myn pakesizzers net sjoen. We sitte folslein yn lockdown. Der moat wat tsjinoerstean, oars is it allinne mar opoffering. Dit libben is net myn kar, it is echt bedoeld dat it resultaat hat. Ast dan weromkomst en it hat gjin resultaat, is dat freeslik. We ha ien kear in sporter hân, dy hie gjin medalje op de Spelen. Dat is freeslik gewoan."
"Ik ha der folle mear lêst fan at der ferlern wurdt. Ik ha folle mear lêst fan in minne rit fan Jorrit as dat ik bliid bin oer de rit fan Irene. Dat wie normaal en dat fan Jorrit is net normaal. It giet derom datst besikest derút te heljen wat deryn sit en dat is net slagge. Dat kin ik mysels ek kwea ôfnimme, dat it op dat momint net slagget om dat út myn sporter te heljen."
Jillert Anema