Wüst skriuwt skiednis mei sechde olympysk goud, brûns foar De Jong

Ireen Wüst fan It Hearrenfean hat foar de tredde kear yn har karriêre olympysk goud wûn op de 1.500 meter. De 35-jierrige reedrydster ried in nij olympysk rekôr fan 1.53,28. Antoinette de Jong pakte it brûns.
Ireen Wüst © Orange Pictures
Wüst wûn op de lêste fjouwer edysjes fan de Spelen in medalje op dizze ôfstân en wie dêrneist de regearjend olympysk kampioen.
Mei har titel op de 1.500 meter hat Wüst no seis olympyske titels ferdield oer de ôfrûne fiif Olympyske Spelen. De Friezinne waard yn 2006 kampioen op de 3.000 meter, yn 2010 op de 1.500 meter, yn 2014 op de 3.000 meter en de ploege-efterfolging, en yn 2018 wer op de 1.500 meter.
Nea earder slagge it in wintersporter om op fiif Spelen efterinoar in gouden medalje te winnen.

Smeding yn efterhoede

De wedstriid waard moandeitemoarn ôftrape troch Ellia Smeding út Harns yn de earste rit. De Friezinne komt út foar har bertelân Grut-Brittannië. In toptiid kaam der mei 2.01,09 net.
Yn de earste acht ritten foar de dweil sette Jevgenia Lalenkova mei 1.55,74 de rapste tiid del. Smeding wie yntusken al ôfsakke nei it trettjinde plak.

De Jong en Groenewoud oan kop

Marijke Groenewoud fan Hallum liet nei de dweil direkt sjen dat de froulju fan in oar kaliber noch komme moasten. De Friezinne ried nei 1.54,97.
Dy tiid bleau twa ritten lang stean, mar yn rit tolve fan fyftjin gie De Jong der krekt ûnder. De Friezinne, dy't op sneon noch teloarstelde op de 3.000 meter kaam ta in tiid fan 1.54,82.
Marijke Groenewoud © ANP
Tiden dêr't Wüst yn it foar net fan skrokken wie. De reedrydster fan It Hearrenfean gie der fol yn en koe dat ek har folsleine rit folhâlde. Nei in geunstige krusing, wêrby't se efter har tsjinstanner Ivanie Blondin ride koe, ried se in nij olympysk rekôr fan 1.53,28.

Ferlamme

Francesca Lollobrigida út Italië en Ayano Sato út Japan kamen dêrnei ek lang net oan de tiid fan Wüst. De Japanske soarge der wol foar dat Groenewoud in poadiumplak ferjitte koe, want Sato wie fiif hûndertsten flugger.
Ek Brittany Bowe en Ragne Wiklund liken ferlamme troch de rappe tiid fan Wüst. Mei respektyflik 1.55,81 en 1.56,46 kamen se tekoart foar de tiid fan de Friezinne.

Topfavorite

Topfavorite Miho Takagi moast yn de lêste rit noch komme. Mei noch ien ronde te gean moast de Japanske noch trije hûndersten goedmeitsje.
Se ferlear lykwols noch hast in heale sekonde, wêrtroch't Wüst foar de fiifde Spelen op rige in gouden medalje wûn. Takagi pakte noch wol it sulver. It brûns gie nei De Jong.
Groenewoud einige úteinlik op it fiifde plak. Smeding moast tefreden wêze mei plak 27.
De ûntlading by Wüst:

Utslach 1.500 meter

1. Ireen Wüst (NED) 1.53,28 (OR) (BR)
2. Miho Takagi (JAP) 1.53,72
3. Antoinette de Jong (NED) 1.54,82
4. Ayano Sato (JAP) 1.54,92
5. Marijke Groenewoud (NED) 1.54,97
27. Ellia Smeding (GBR) 2.01,09
Sjoch foar mear nijs oer de Olympyske Spelen op ús dossierside. Dêr sjochst ek wannear't de Friezen yn aksje komme.