Liveblog | 7 febrewaris

Coronanijs 7 febrewaris: noed oer corona-útfal | Kroegen Drachten ticht

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus:

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

Bywurke: 7 febrewaris, 22:10
moandei 7 febrewaris
22:10

Ein fan dit liveblog

Wy slute it liveblog foar hjoed. Tank foar it folgjen en moarn melde wy ús wer.
19:40

Tanimming yn coronapasjinten sikehuzen komt mooglik troch rapportaazje

De grutte tanimming yn it tal coronapasjinten yn de sikehuzen komt mooglik troch in feroaring yn de meldingen troch guon sikehuzen. In oantal joech in skofkte allinne de coronapasjinten troch dy't echt siik waarden. Fan moandei ôf jouwe alle sikehuzen wer alle minsken troch dy't mei in besmetting yn de sikehuzen lizze.

Ferklearring

Fan snein op moandei gie it tal coronapasjinten yn de sikehuzen mei 149 omheech: dat soe de grutste tanimming sûnt desimber 2020 wêze. Mar neffens it Landelijk Netwerk Acute Zorg (LNAZ) kin de rapportaazje dêr wolris de ferklearring foar wêze. Pasjinten dy't mei in oare oandwaning yn it sikehûs leine en tafallich ek noch corona hiene, waarden net by de sifers opteld. Om hoefolle sikehuzen oft it krekt giet, koe it LNAZ moandei net sizze.
It is winsklik om wol alle besmette minsken mei te nimmen, om't it foar de druk op de soarch neat útmakket oft in pasjint der echt siik fan is of net. Want troch alle maatregels easkje alle besmette persoanen in protte mear soarch.
19:30

Kroegen yn Drachten ticht: eigeners ferbjustere oer driging mei twangsom

Ferskate kafees yn Drachten slute fuortendaalks de doarren. Sy krigen in oantekene brief fan de gemeente mei in lêste warskôging: as der nochris in oertrêding fan coronaregels konstatearre wurdt, folget in twangsom fan 10.000 euro.
Gerwin Dokter is eigener fan kafee Het Raadhuys yn Drachten. "Ik iepenje net om't ik it net sitten sjoch mei de driging fan in twangsom fan 10.000 euro op 'e nekke", seit Dokter, "Dat slacht nearne op. It is net yn proporsje, krekt as is it in heale misdied. Wy kinne 10.000 euro net efkes op it kleed lizze."
© Omrop Fryslân
19:20

Skoallekoepel warskôget foar gedrachsproblemen bern

Skoallekoepel Proloog hat soargen oer de sosjaal-emosjonele gefolgen fan de útfal yn it ûnderwiis. "Als je ziet dat kinderen in de knel komen, dan voelen wij ons daar ook verantwoordelijk voor", seit Arjette de Pree fan Proloog.
"We merken ook steeds meer dat kinderen sociaal-emotionele achterstanden oplopen. Dat vertaalt zich in gedragsproblemen op school. Dat is iets wat je niet wil. Kinderen hebben baat bij andere kinderen, baat bij de structuur van school", seit sy. Yn ien situaasje hat Proloog Jeugdzorg ynskeakele. "Dat is op één van onze scholen gebeurd. Als wij zelf geen hulp kunnen bieden, dan moeten we ervoor zorgen dat er iemand ingeschakeld wordt die dat wel kan doen."
Arjette de Pree, foarsitter fan it kolleezje fan bestjoer fan skoallekoepel Proloog © Omrop Fryslân
17:28

Nachthoareka set ek nei oerlis mei minister de iepeningsaksje troch

De nachthoareka set ek nei oerlis mei minister Micky Adriaansens fan Ekonomyske Saken de iepeningsaksje De Nacht troch. Dat sei Pieter de Kroon fan it Overleg Amsterdamse Clubs (OAC). Mei de jildende coronamaatregelen moat de hoareka jûns om 22.00 oere ticht wêze. Dat betsjut dat de nachthoareka hielendal stil leit.
Adriaansens hat sein dat der foar 15 febrewaris gjin ferrommingen yn sitte foar de nachtklups. Ek warskôge se dat ûndernimmers dy't harren net oan de regels hâlde in boete krije kinne. Neffens De Kroon wol de minister freed wol "iets van perspectief bieden" foar de nachthoareka. Hy neamt it in "goed gesprek" mei de minister.
17:03

Ferskate pop-up faksinaasjelokaasjes dizze wike wer iepen

16:25

Tal ôfnommen coronatesten rint bytsje werom

Yn de ôfrûne wike binne der wierskynlik wat minder coronatests ôfnommen as de wike dêrfoar. De GGD's namen fan moandei oant en mei snein goed 980.000 testen ôf, tsjin goed in miljoen in wike earder. Dat meldt GGD GHOR Nederland.
By de kommersjele teststrjitten stiene foar ôfrûne wike ek krekt in bytsje minder testôfspraken pland as in wike earder. Hoe'n soad testen der by dy testlokaasjes werklik ôfnommen binne is noch net dúdlik.
© RTV NOF
15:34

2.083 nije coronabesmettingen yn Fryslân

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 2.083 nije coronabesmettingen registrearre troch it RIVM. It RIVM hat al trije wiken te krijen mei in efterstân yn de ferwurking fan it tal positive tests.
It trochsneed tal besmettingen oer de ôfrûne sân dagen jout in better byld. Yn Fryslân leit dat deistige trochsneed no op 1.765 besmettingen. Snein lei it op 1.613 besmettingen, in wike lyn op 1.647.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 77.648. It trochsneed tal besmettingen fan de ôfrûne sân dagen is 77.045.
15:07

Kuipers: Onverdeeld Open bewiist grutte wjerstân tsjin coronapas

De grutte populariteit fan de petysje Onverdeeld Open, "geeft aan dat er veel weerstand is" tsjin it coronatagongsbewiis, seit soarchminister Ernst Kuipers. "Dat geluid was er ook al wel", seit er. It manifest tsjin de coronapas fan Onverdeeld Open is yntusken hast 600.000 kear ûndertekene.
De ynset fan de coronapas "is een lastige afweging", seit Kuipers. It kabinet brûkt it tagongsbewiis as "brug" tusken "aan de ene kant de wens zo snel mogelijk en zoveel mogelijk te openen en aan de andere kant de noodzaak om het aantal besmettingen en het aantal ernstig zieken nog enigszins in te perken".
It kabinet hâldt allinne fêst oan coronatagongsbewizen, salang't "het proportioneel is en nog in enige mate helpt", seit Kuipers. "Op het moment dat we er vanaf kunnen, willen we daar dolgraag vanaf."
14:44

149 nije coronapasjinten opnommen, heechste groei sûnt ein 2020

Yn de Nederlânske sikehûzen binne de ôfrûne 24 oeren 149 nije pasjinten mei Covid-19 opnommen. Der lizze no 1493 coronapasjinten yn in sikehûs yn Nederlân. Dat docht bliken út de lêste sifers fan it Landelijk Coördinatiecentrum Patiënten Spreiding (LCPS).
Op de ferpleechôfdielingen lizze no 1279 pasjinten mei it coronafirus. It tal pasjinten op de ic's is oprûn ta 214, 3 mear as in dei earder.
In dúdlike ferklearring foar de stiging is der noch net. Sikehûzen joegen earder wol oan dat in soad opnommen pasjinten dy't posityf test binne, eins fanwegen in oare oarsaak opnommen waarden. It LCPS makket yn de rapportaazje gjin ûnderskied yn pasjinten dy't mei of troch corona opnimmen binne.
sikehûs Nij Smellinghe © Omrop Fryslân
13:55

Hast fjirdepart leararen sit thús, gjin ferfangers te finen

Fanwegen it oprinnende tal coronabesmettingen geane hieltyd mear klassen ticht, benammen troch leararen dy't thús sitte. Hast in fjirde part (23 persint) fan de leararen yn it basis- en fuortset ûnderwiis oer it hiele lân sit yntusken thús, meldt de Algemene Vereniging Schoolleiders (AVS). Yn Fryslân is 21 persint fan de leararen ôfwêzich.
De karantêneregels binne yn jannewaris ferromme, mar it tal leararen en learlingen dat thús sit, is net minder wurden. De ôfwêzigens fan in dosint is op it stuit de wichtichste reden om in klasse nei hûs te stjoeren. Neffens de peiling fan AVS hat de ôfrûne wiken 60 persint fan de skoallen yn Nederlân ien of mear klassen nei hûs stjoerd. Yn trochsneed gong it om twa klassen de skoalle. Yn Fryslân waarden minder klassen nei hûs stjoerd, hjir hawwe 35 persint fan de skoallen ien of mear klassen nei hûs stjoere moatten.

Ferfanging

Yn in soad provinsjes is boppedat hast hielendal gjin ferfanging mear te finen. Yn Fryslân hawwe skoallen dêr it minst lêst fan, al slagget it hjir yn 75 persint fan de gefallen ek net om in ferfanger te finen.
© Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
13:01

Petysje tsjin coronapas groeit hurd

In petysje hat op petities.nl noch noait sa fluch safolle hantekeningen krigen as dy foar it ôfskaffen fan it coronatagongsbewiis, seit oprjochter Reinder Rustema fan de webside.
De petysje fan âld-CDA-steatssekretaris Mona Keijzer is sûnt freed mear as 600.000 kear tekene. Rustema tinkt dizze wike de grins fan 1 miljoen helle wurdt. "Als de petitie in dezelfde populariteit doorgaat als de afgelopen dagen dan komen er 15.000 per uur bij." Dat is it maksimale oantal dat de site no oan kin.
12:31

Reissektor lilk oer reisadvizen oerheid

De strange reisadvizen fan de oerheid binne achterhelle, fynt de reissektor. De sektor is lilk oer de oanskerping fan de advizen, foaral om't it syktebyld by de omikronfariant milder liket te wêzen. Neffens reisbrânsorganisaasje ANVR moat it "nieuwe fenomeen" dêrom net mei "oude maatregelen" bestriden wurde.
It kabinet ferskerpe earder it reisadvys foar tolve lannen, lykas Turkije, Tunesië en Suriname. Neffens Frank Oostdam, foarsitter fan de ANVR, is der gjin begryp yn de sektor. Neffens him wurde al hast twa jier gjin reizen útfierd nei bestemmingen bûten de Europeeske Uny. "De minder ziekmakende omikron is overal waardoor het geen zin meer heeft reisbeperkingen op te leggen", seit Oostdam.
De reissektor trunet der by de oerheid op oan om noch ris nei de reisadvizen te sjen. Dat docht de sektor ek om't tasein wêze soe dat de oranje advizen dy't foar alle lannen bûten de EU jilden op koarte termyn oanpast wurde soenen.
11:39

Sanquin: hast alle bloeddonoaren hawwe antystoffen tsjin corona

Om ende by de 97 persint fan de Nederlânske bloeddonoaren hat antystoffen tsjin it coronafirus. Dat hat bloedbank Sanquin metten yn de lêste stúdzjes. De measte antystoffen binne opwekt troch faksinaasje. Minsken dy't faksinearre binne en ien kear besmet binne mei it coronafirus, hawwe de measte antystoffen.
Minsken boppe de 60 jier hiene minder antystoffen as minsken ûnder de 40 jier. Foaral by de leeftiidsgroepen dy't AstraZeneca of Janssen krigen binne minder antystoffen metten yn desimber. Boppedat hat jongerein fan 18 oant en mei 24 jier faker in besmetting trochmakke as oare leeftiidsgroepen.
11:01

Ofrûne wike 332.000 ôfspraken foar tagongstesten

Kommersjele coronatesters hiene ferline wike 332.000 ôfspraken foar tagongstesten stean foar minsken dy't nei de hoareka, in museum, in pretpark of in fuotbalwedstriid ta woene. In wike earder wiene it hast likefolle testôfspraken, doe gong it om 334.000 testen foar tagong.
De drokste dei wie saterdei, mei likernôch 76.000 testôfspraken. Dat meldt Stichting Open Nederland, de organisaasje dy't ferantwurdlik is foar Testen voor Toegang.
10:42

Wer mear coronabesmettingen op Olympyske Spelen: 385 gefallen fêststeld

It tal positive coronagefallen op de Winterspelen fan Beijing is fierder oprûn en leit no op 385. De telling begûn fan 23 jannewaris ôf, doe't de earste dielnimmers yn de stêd oankamen. De organisaasje melde moandei 24 nije gefallen by dielnimmers.
Yn it Nederlânske team binne oant no ta noch gjin coronabesmettingen fêststeld. Alle dielnimmers sitte yn Sina yn in saneamde 'superbubbel', alle minsken yn dy bubbel moatte har elke dei teste litte op it coronafirus.
10:17

22 coronapasjinten yn de Fryske sikehûzen

Der lizze op it stuit 22 coronapasjinten yn de Fryske sikehûzen, it binne der twa minder as op 3 febrewaris. Dat meldt it Acute Zorgnetwerk Noord-Nederland. Hjirfan lizze der 5 op in ic-bêd.
Yn de noardlike sikehûzen giet it op it stuit om 67 coronapasjinten. Mei-inoar lizze der yn de sikehûzen yn Fryslân, Grinslân en Drinte 20 pasjinten mei Covid-19 op in ic-bêd.
© Omrop Fryslân, Jitze de Vries
09:29

GGD Fryslân organisearret 'prikangst'-dagen

Fan woansdei 9 febrewaris ôf organisearret GGD Fryslân yn Snits op 'e nij spesjale 'prikangst'-dagen. De dagen binne bedoeld foar minsken dy't benaud binne foar it prikken, benammen fanwegen de nullen, mar harren wol graach faksinearje litte wolle.
Foar dizze groep makket de GGD ekstra tiid frij, en wurdt mear omtinken jûn oan ferleegjen fan it stressnivo fan de minsken. Op de faksinaasjelokaasje yn Snits wurde elke woansdei spesjale ôfspraken ynpland, meldt de GGD.

Ien op fiif benaud foar prikken

Likernôch ien op de fiif folwoeksenen is om ferskate redenen benaud foar in prik. Undersyk fan GGD GHOR Nederland hat útwiisd dat 13 persint fan de minsken dy't benaud binne foar prikken harren net faksinearje litte.
In frou krijt in faksinaasje © Omrop Fryslân
08:30

Wolkom

Wolkom by it liveblog fan moandei 7 febrewaris oer de ûntwikkelingen oangeande it coronafirus yn Fryslân. Us liveblog fan juster neilêze kin hjir.