Spaanske ierdbeien sitte skriezen yn it paad

Wa't Spaanske ierdbeien yt, soe de skries wolris yn 't paad sitte kinne. De teelt kostet safolle wetter dat in wichtich gebiet foar de skriezen ferdrûget.
It probleem is net nij. Ek twa jier lyn wie it al hiel drûch yn it gebiet © Jos Hooijmeijer
It Spaanske regear driget yllegale wetterputten te legalisearjen dy't in wichtich oerwinterings- en rêstgebiet foar skriezen drûchlizze yn nasjonaal park Doñana by Sevilla. Fryske skriezeûndersikers stypje in petysje fan pleatslike natuerbeskermers om dy legalisaasje foar te kommen en freegje Nederlânske fûgelleafhawwers har dêrby oan te sluten.
De fiskfivers dêr't de fûgels no sitte © Jos Hooijmeijer
Wat de skriezen dêr nedich hawwe, binne plakken om te sliepen en om te fretten. Nasjonaal park Doñana is in âld sompegebiet. It bestiet út in delta fan meardere rivieren dy't soargje foar wetter yn it gebiet.

Grûnwetter

"De grûnwetterstreamen dêr wiene ek hiel wichtich en dêr giet it op stuit benammen mis", seit skriezeûndersiker Jos Hooijmeijer fan de Ryksuniversiteit Grins. Hy en syn kollega's binne benammen aktyf yn Súdwest-Fryslân.
Earder oerwinteren de skriezen benammen yn Afrika. No dogge se dat folle mear yn Spanje, yn de Doñana.

Yllegale putten

De Doñana is opdrûge, sa makket Hooijmeijer dúdlik: "De grûntwetterlagen soargen derfoar dat der wetter stie yn ferskate marren yn it nasjonaal park. Dat wetter komt der net mear. Dat hat twa oarsaken. As earste: klimaatferoarings. Lykas op oare plakken yn de wrâld feroaret it klimaat hjir ek. Der falt minder reinwetter. In oare reden is de feroaring om it gebiet hinne."
Undersiker Jos Hooijmeijer fan Rijksuniversiteit Groningen
Telers fan ûnder oare ierdbeien hawwe in soad putten slein om it grûnwetter te brûken. "Foar in part binne dy putten legaal. Lykwols, der binne ek de wrâld oan yllegale putten slein", wit de skriezeûndersiker.
Krekt omploege rysfjilden: ideaal foar skriezen om fretten te finen © Jos Hooijmeijer
It wetter wurdt benammen brûkt om ierdbeien te kweken. "Ierdbeien binne echt in produkt fan dy streek. Se wurde kweekt yn fan dy plestik kassen. It is in produkt dat in soad wetter nedich hat. Dy ierdbeien út Spanje, de earsten dy't dan wer yn de supermerk lizze, binne meastentiids wol produkten dy't dêrwei komme", fertelt Hooijmeijer.

Alternatyf

Gelokkich hawwe de skriezen noch in alternatyf. Alteast, no noch wol, sa seit Hooijmeijer dy't fan 'e wike nei it gebiet ôfreizget: "Midden yn de Doñana leit in grut fiskfiverkompleks. Dêr wurdt wetter út de rivier wei yn litten en dat bliuwt wol bestean. Dêr sit ik net oer yn", seit de Koudumer. Hy hat wol noed oer de rysfjilden dêromhinne dêr't de fûgels harren fretten helje.

Minder rysfjilden: minder ferbliuwplakken foar de skries

Trochdat der boppestreams rivierwetter foar de lânbou weihelle wurdt en der minder rein falt, fersâltet it rivierwetter. No't der ûnfoldwaande druk is fan it swiete wetter, komt it sâlte seewetter by floed hieltyd fierder de rivier op.
Dêrom hat de Spaanske oerheid boeren ferbean rys te ferbouwen. No't der minder rysfjilden binne, is der ek minder gelegenheid foar skriezen en wetterfûgels om dêryn te sitten.
Oer wat der no barre moat, is Hooijmeijer dúdlik:
"Der moat wat dien wurde tsjin it yllegale wetterôftaapjen. It tsjinoerstelde bart. Der lizze no wetsfoarstellen om al dy yllegale putten dy't de ôfrûne tsientallen jierren slein binne, te legalisearjen. Dan wurkest oan de ferkearde kant fan de oplossing."
"Tagelyk spylje ek nochris de problemen mei it ferdwinen fan de rysfjilden. Der wurdt no sein dat der wol oare produkten op ferboud wurde kinne. Dat kinne ek fruitbeammen wêze. Beammen en greidefûgels is gjin goede kombinaasje."
De wittenskippers dy't yn Súdwest-Fryslân skriezen ûndersykje, hoopje dat dit mei stipe fan Nederlânske fûgelbeskermers oan pleatslike natuerminsken noch te kearen is.

Minder goede kondysje

De gefolgen foar ús skriezen kinne grut wêze, tinkt Hooijmeijer:
"As dêr hiel minne omstannichheden binne, winterdeis of by de trochtrek, kin dat gefolgen hawwe foar de skriezen yn Fryslân. Sy kinne bygelyks letter oankomme of yn minder goede kondysje oankomme. Dêr hawwe wy op it stuit noch gjin oanwizings foar, mar as dit sa trochgiet, wurdt it gebiet fansels hieltyd minder oantreklik foar harren."
Fan 'e wike hopet Hooijmeijer dêr by Sevilla yn Spanje en yn Portugal te sjen hoefolle skriezen oft de winter oerlibbe hawwe.