LDODK kin it koprinner Fortuna net dreech genôch meitsje

LDODK is der net yn slagge om de koprinner fan de Kuorbal League te ferrassen. De ploech fan De Gordyk ferlear yn Delft mei 28-20 fan Fortuna.
© Marco Spelten
LDODK die yn it begjin fan de wedstriid goed mei. Oant 5-5 gie de skoare lykop, mar doe naam Fortuna in foarsprong. De ploech fan Gerald Aukes kaam noch wol werom oant 10-10, mar by it skoft stie Fortuna dochs foar: 13-10.

Enerzjy streamt fuort

Yn de twadde helte wie it spul minder oan de side fan LDODK. De enerzjy streamde fuort by de spilers en de efterstân waard grutter en grutter. By 23-15 wie de wedstriid wol beslikke. LDODK koe de skea fierder beheind hâlde: 28-20.
LDODK mei wol meidwaan oan de kampioenspûl. De Gordyksters moatte mei 0 punten begjinne.