VC Snits hurd ûnderút tsjin Peelpush: 3-0

VC Snits hat snein mei romme sifers ferlern fan Peelpush. De Snitser follybalsters wûnen gjin set en kamen sûnder punten werom út Limboarch.
Nynke Oud fan VC Snits yn aksje earder dit seizoen © Orange Pictures
Oardel wike lyn wûn VC Snits yn de beker noch mei 3-0 fan de ploech út it Limboarchske Meijel, mar in kopy fan dy wedstriid soe it net wurde.
De earste set gie lykop. By 24-22 krige Peelpush twa setpoints. Snits koe it earste punt noch fuorthelje, mar de twadde kâns wie wol raak. Sa ferlearen de Snitsers de earste set (25-23).

Earste ferlies ûnder Ter Steege

Yn de twadde set hie Peelpush de hiele tiid in foarsprong fan sa'n fiif punten. Oan de ein fan de set besocht Snits noch wol werom te kommen, mar dat siet der net mear yn (25-20).
Sûnt assistint Henriëtte ter Steege de taken yn de winterstop oernaam fan haadtrainer Jeffrey Scharbaai, hie VC Snits noch net ferlern yn de kompetysje. Om dy rige yn stân te hâlde moast Snits de tredde set winne.
Dat slagge net. Snits hie yn it begjin fan de set noch wol in lytse foarsprong, mar Peelpush rûn lang om let dochs wer út. De einstân fan de tredde set wie 25-23.