1.312 nije coronagefallen yn Fryslân, njoggen nije sikehûsopnamen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 1.312 nije coronabesmettingen registrearre troch it RIVM. It RIVM hat al wiken te krijen mei in efterstân yn de ferwurking fan it tal positive tests.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
It RIVM en de GGD hawwe al 20 dagen muoite om alle coronameldingen te registrearjen. Dy efterstân is snein fierder oprûn, nei 186.000 meldingen foar hiel Nederlân. Troch de efterstân kinne de sifers bot skommelje.
It trochsneed tal besmettingen oer de ôfrûne sân dagen jout in better byld. Yn Fryslân leit dat deistige trochsneed no op 1.613 besmettingen. Sneon lei it op 1.665 besmettingen, in wike lyn op 1.628.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus.
Der binne njoggen Friezen mei it coronafirus opnaam yn it sikehûs. Dat giet om seis ynwenners fan de gemeente Ljouwert en ien ynwenner fan de gemeenten Achtkarspelen, Hearrenfean en Súdwest-Fryslân.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 80.946. It trochsneed tal besmettingen fan de ôfrûne sân dagen is 81.987.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.