Piet Paulusma: "In rûge snein mei jûn stoarmbuien"

Waarman Piet Paulusma warskôget foar stoarmbuien mei kâns op tonger, hagel en wiete snie foar sneintejûn. It is in 'rûge, hjerstige snein', seit Paulusma.
© Omrop Fryslân
Sa't it no liket, giet de wyn moandei wer wat mear lizzen. De westike wyn is dan matich oant krêftich, foarseit Piet Paulusma.

Koade giel

It KNMI hat koade giel ôfjûn fanwege de hurde wyn. Dy jildt foar it hiele lân, útsein de provinsjes Grinslân, Drinte en Oerisel.
De waartsjinst meldt dat der snein yn de westlike kustprovinsjes swiere wynstjitten foarkomme oant likernôch 80 km yn de oere. Oan it begjin fan de middei boazet de wyn oan de Nederlânske súdwestkust mooglik oant ta sawat 90 km yn de oere. Sneintejûn kin yn de westlike en súdlike helte fan Nederlân de noardwestlike wyn oanhelje oant 100 km yn de oere.
It ferkear en bûtenaktiviteiten kinne hinder ûnderfine fan it minne waar, sa warskôget it KNMI.