Syktocht nei Molukske skiednis: projekt graaft nei spoaren fan Wyldemerk

It wurdt in bysûndere syktocht yn de bosken tusken Balk en Koudum: der komt archeologysk ûndersyk nei kamp Wyldemerk, tusken 1954 en 1969 it wenplak fan hûnderten Molukkers.
Omwenner Sjouke de Jager fertelt dat de skiednis noch altyd libbet:
It giet om in projekt fan it gearwurkingsferbân Moluks Erfgoed en it Moluks Historisch Museum, mei de namme: 'Wyldemerck, samen zoeken naar barakken in de bossen.' Elts kin oan de syktocht meiwurkje.
De moskee yn kamp Wyldemerk op âld filmbyld © Omrop Fryslân
Projektlieder Jobbe Wijnen leit út: "Wij willen een participatief archeologisch project opzetten om samen met oud-bewoners en omwonenden te kijken of we de betekenis van de plek kunnen terugvinden." De bedoeling is om te sykjen nei de spoaren, ferhalen en betsjutting fan Wyldemerk.

Wyldemerk

Kamp Wyldemerk is yn 1942 boud as wurkkamp fan de Nederlandse Arbeidsdienst. Nei de oarloch bleaune de barakken in skoft leech, oant de Molukkers yn de jierren '50 kamen. "De Molukkers kwamen als gevolg van de dekolonisering naar Nederland", seit Wijnen.
Moluksk kamp Wyldemerk © Omrop Fryslân
Wyldemerk lei yn de bosken ferskûle en waard spesjaal ynrjochte foar islamityske Molukkers. It wie doedestiids it iennige 'doarp' yn Nederlân dat hielendal islamitysk wie.

'Povere aangelegenheid'

De Molukske bewenners libben dêr ûnder drege omstannichheden. "Het was een povere aangelegenheid. Bij het Moluks Historisch Museum zijn er veel foto's van. Er waren wel paden en wegen, maar het was vooral een grote zanderige bende. In de winter was dat niet zo fraai. De mensen hebben daar wel onder geleden", seit Wijnen.
Filmbylden fan minsken by de moskee © Fries Film en Audio Archief
Nei't de lêste bewenners ferhuzen, binne de measte barakken sloopt of op oare plakken brûkt. De natuer naam wer besit fan it terrein.
It iennige gebou dat yntakt bleaun is, is in elektrisiteitshúske. "It is it iennichste fynbere punt dat noch sa bestiet. Besikers skriuwe der faak harren namme op. Sa kinne sy ek sjen wa't der earder west hawwe. Fan guon haw ik wol heard dat as sy De Lemmer lizzen sjogge, dat sy suver al begjinne te gûlen", fertelt omwenner Sjouke de Jager.

De natuer naam it oer

Steatsboskbehear hat as eigener fan it terrein al jierren de winsk om mear mei de skiednis fan it gebiet te dwaan. De organisaasje hie geregeld kontakt mei Moluks Erfgoed, dat yn 2017 oprjochte is om de Molukske spoaren fan it ferline te ûndersykjen.

Meiprate oer it eigen erfgoed

Wijnen hopet dat mei dit projekt minsken meiprate en beslute kinne oer harren eigen erfgoed: "Dit project probeert dit als experiment eens goed in gang te zetten. Dus niet als expert-archeologen bepalen wat de betekenis van deze plek is, maar zoveel mogelijk mensen betrekken bij het onderzoek om duidelijk te krijgen wat het voor hen betekent."
Boargerpartisipaasje, dat is dus de bedoeling. De inisjatyfnimmers komme graach yn kontakt mei âld-bewenners, harren bern en minsken út de regio. Dielnimmers hoege gjin kennis fan archeology te hawwen, elts kin meidwaan.
Jobbe Wijnen oer it projekt
Wijnen: "We kijken eerst wat we kunnen vinden en welke verhalen er zijn. Later kun je de vraag stellen of je het zichtbaar wilt maken, bijvoorbeeld met een nieuw monument. Misschien gebeurt dat ook niet, en zegt men: het is wel goed zo. Maar die vragen volgen later."

In jier ûndersyk

It ûndersyk moat oer in jier klear wêze. Dêrmei kin in plan makke wurde foar de takomst fan it gebiet.
It projekt wurdt droegen troch Moluks Erfgoed, Stichting Vrienden van BOEi, Steatsboskbehear, it Moluks Historisch Museum, gemeente De Fryske Marren en de Rijksdienst voor het Cultureel Erfgoed. It projekt krijt subsydzje fan it Fonds voor Cultuurparticipatie.
Sjouke de Jager wie befreone mei ien út it kamp
Sjouke de Jager groeide op yn Murns en koe it kamp goed. "Ik fytste der alle dagen del as ik yn Balk nei de ulo gie. Ik helle yn it kamp in maat op, fan syn mem krige ik wolris wat lekkers of in bakje kofje. Ik krige der guod dat ik noch nea iten hie. Ik kaam in soad binnen yn de barak."

De oantinkens bliuwe

De Jager wit ek minder leuke ferhalen, lykas doe't der in Moluksk famke yn de bosk ferdronk. "Ik kom noch hiel faak yn de bosk. Us generaasje wurdt hieltyd âlder, de earste generaasje is der al net mear. Mar de oantinkens bliuwe wol."
Der is in soad ferdwûn, fertelt De Jager. Yn de bosk lizze noch wat fundearringen, putten en in stien. "Hjir stie de earste moskee mei in minaret fan Nederlân. De moskee bestiet noch wol, mar wurdt by Haskerhoarne brûkt as opslach foar âlde trekkers en lânboutastellen."