Fytser bûten westen by ûngelok yn Bûtenpost: bestjoerder auto rydt troch

Yn Bûtenpost is sneontejûn in 18-jierrige fytser ferwûne rekke by in ûngelok mei in auto. De fytser wie bûten westen. De bestjoerder fan de auto is nei de botsing trochriden, mar de plysje lit witte dat hy him sneintemoarn meld hat.
© Noordernieuws
It ûngelok barde oan de Parallelwei, dêr't de 18-jierrige man út de gemeente Westerkwartier (Grinslân) mei twa oaren fytste. De bestjoerder kaam út deselde rjochting as de fytser en hat him fan efteren rekke. Twa oare fytsers skeakelen de helptsjinsten yn.
Ambulânsepersoniel hat de fytser opfongen en nei it sikehûs brocht. De dyk wie tydlik ôfsletten. De plysje hat sprutsen mei minsken dy't tsjûge wiene fan it ûngemak.
De fertochte hat him sneintemoarn by de plysje meld. It giet om in 38-jierrige man út Kollum, sa meldt de plysje.