Trije drumfanfaren yn Waadhoeke mei-inoar fierder
Trije drumfanfaren yn de gemeente Waadhoeke wolle mei-inoar fierder. De fanfaren fan Menaam, Seisbierrum en Minnertsgea wurkje tenei gear ûnder de namme DSG: 'Door samenwerking groot.'

It giet om drum- en showfanfare CMH-Menaam, drumfanfare Concordia Seisbierrum en de drumfanfare van Kristlike Muzykferiening Oranje Minnertsgea.
De ploegen meitsje al in tal moannen mei-inoar muzyk, mar de offisjele gearwurking wie noch net befêstige. In kommisje sil no yn opdracht fan de trije bestjoeren útsykje hoe't de gearwurking der organisatoarysk út moat komme te sjen.