Njoggentich bewenners mei demintens ferhúzje: "Jippie!"

Nei moannen fan tarieding ferhúzje dizze wike de bewenners fan ferpleechhûs Nieuw Mellens yn Ljouwert nei it Jabikshof. Yn totaal njoggentich minsken mei demintens komme dêr te wenjen yn in hiel nije omjouwing.
De earste reaksjes fan bewenners binne posityf:
Jabikshof bestiet út twa wenblokken mei elk trije wenningen en dêryn twa teams. De teams mei elk acht bewenners hawwe in mienskiplike wenkeamer en keuken en eigen studio's op de boppeflier mei toilet en dûs. In lange serre sjocht út op in grutte tún en alles hat in húslike sfear.
De earste reaksjes fan de bewenners binne posityf, seit teamlieder Mieke de Gorter. "Toen we onze eerste bewoners hier ontvingen zeiden we: u bent de allereerste bewoner van het nieuwe Jabikshof. Die bewoner zei toen: jippie!"
Frou Nijp wurdt as earste bewenner feestlik ûntfongen troch teamlieder Mieke de Gorter © Noorderbreedte
"Die reactie deed ons best wel wat, want we hebben er met z'n allen lang naar toegeleefd. Zo'n eerste reactie was heel waardevol voor ons."
De kommende tiid wurdt de beleeftún noch klearmakke, dêr't bewenners frij bewege kinne mei sintúchprikkeljende eleminten en in ynsektetún.