Amelanner kardinaal Johannes de Jong krijt postúm Yad Vashem-ûnderskieding

De Fryske kardinaal Johannes de Jong (1885-1955) krijt dochs noch in Yad Vashem-ûnderskieding foar syn ferset tsjin de Joadeferfolging. Hy is de earste Amelanner dy't de ûnderskieding krijt.
Kardinaal  Johannes de Jong © ANP
It Aartsbisdom Utrecht meldt dat it Holocaust-betinkingssintrum Yad Vashem yn Jeruzalem dêrta besletten hat. Kardinaal Eijk, de hjoeddeiske aartsbiskop fan Utrecht, hie yn april 2018 de oanfraach foar De Jong noch stilset.
De Jong waard berne op It Amelân en groeide op yn in bakkersfamylje mei acht bern. It wiene earmoedige tiden op it eilân, fertelt Jacob Roep fan de histoaryske stichting De Ouwe Pôlle Ameland. "Mar hy koe goed leare. Dat had pastoar Scholtens fan doe ek sjoen."
Neist it ûnderwiis op It Amelân krige De Jong dêrom ek ekstra les. Letter waard er pryster en learaar. Yn 1936 is er biskop fan Utrecht wurden. "Dêrmei wie er eigentlik de heechste katolike geastlike yn Nederlân", seit Roep.
Hy wist dat er ûnder grutte druk stie en dat de Dútske besetter him ek folge en yn de gaten hold.
Jacob Roep fan stichting De Ouwe Pôlle Ameland
Ek yn de Twadde Wrâldoarloch wie De Jong aartsbiskop fan Utrecht. Hy hat doe persoanlik risiko rûn, ûnder oare omdat yn 'e klûs fan it aartsbiskoplik paleis de fersleutele ûnderdûknammen fan Joadske bern bewarre waarden.
Roep: "Hy wist dat er ûnder grutte druk stie en dat de Dútske besetter him ek folge en yn de gaten hold, mar dat wjerhold him der net fan om yn 'e tsjerken út syn namme dúdlik te sizzen dat hy tsjin de Joadeferfolging wie en dat is him natuerlik net yn tank ôfnaam."
Kardinaal  Johannes de Jong © ANP
Kardinaal Eijk luts hast fjouwer jier lyn de oanfraach foar de ûnderskieding foar De Jong yn, omdat der fermoedens utere wiene dat syn neiste meiwurker Felix van de Loo syn neef Wilhelm van de Loo, in beruchte SS'er, fan it fjoerpeloton rêde woe troch syn netwurk te brûken.
Yn dit ferbân kaam de krúsjale fraach op oft De Jong hjirby belutsen wie. Argyfûndersyk troch Joep van Gennip wiisde út dat De Jong gjin graasjefersyk dwaan woe. Dêrnei waard de oanfraach foar de Yad Vashem-ûnderskieding foar De Jong weriepene.
Kardinaal  Johannes de Jong © ANP
Op It Amelân binne se grutsk op de postume ûnderskieding foar De Jong en op wat hy foar de minsken betsjut hat, seit Roep. "Der is in skoalle nei him ferneamd, der is in stânbyld fan him. It hûs dêr't hy opgroeid is, de bakkerij, stiet der ek noch altyd en ek it biskopshûs op It Amelân, dêr't hy faak kaam as er mei fakânsje wie."
Neffens Roep hat de Amelanner kardinaal hiel wichtich west foar de koers fan de katolike tsjerke yn Nederlân. "Echt in moreel kompas."
De ambassadeur fan Israel yn Nederlân sil de Yad Vashem-ûnderskieding letter dit jier útrikke oan in famyljelid fan kardinaal De Jong.
Jacob Roep oer de ûnderskieding foar kardinaal Johannes de Jong