Publikaasje belestingsifers bringt Harns yn rep en roer

Guon ynwenners fan Harns skrokken tongersdeitemoarn doe't se De Telegraaf iepenen. Dêryn stiet dat út sifers fan it CBS bliken die dat de gemeentlike belestingen mei 38 prosint tanimme yn de Fryske havenstêd.
Wethâlder Harry Boon wie ek bot fernuvere doe't er it berjocht lies. Op in kaartsje yn de krante wie de gemeente djipread kleure en stie it boppe-oan yn de top 10 fan de gemeenten dêr't de belestingen it meast tanamen, mar dat is neffens de wethâlder net wier.
Boon: "Toen ik het vanmorgen las, schrok ik me een hoedje, want wij koketteren graag met het feit dat wij als Harlingen de goedkoopste gemeente van Fryslân zijn."

Toeristen betelje eilânparkearjen

It sifer is neffens de gemeente Harns ferkeard ynterpretearre. De ynkomsten út heffingen binne folle heger wurden, omdat Harns it eilânparkearjen sûnt koart sels yn behear hat. De parkearjilden fan toeristen komme dus by de begrutting fan de gemeente. Dat wurdt dus net troch de Harnzers betelle.
Ek de haadekonoom fan it CBS, Peter Hein van Mulligen, seit dat it net kloppet wat yn De Telegraaf stiet. It parkearjen stie earder op in oare post fan de begrutting fan de gemeente. No stean se dus yn de begrutting by de belestingen en liket it dat dy hiel bot omheech gien binne.
Peter Hein van Mulligen (CBS) © ANP
It tsjinoerstelde is it gefal, seit Van Mulligen. De parkearynkomsten fan de toeristen smyt de ynwenners fan Harns krekt in ferleging fan de gemeentlike lêsten op.

Mei 8 prosint omleech

"Dit is een verhaal van de journalist versus boekhouder. Als je die fors gestegen parkeerheffingen achterwege laat, dan stijgen voor de Harlingers de lasten niet met 39 procent. Ze dalen met 8 procent."
It imago fan de gemeente Harns is oantaast troch de berjochtjouwing, seit wethâlder Boon. Harnzers sprekke der skande fan 'dat de belestingen sa omheech gean'. De gemeente hat De Telegraaf frege om it ferhaal te rektifisearjen, mar dy wegeret dat. De gemeente sil no sels besykje om it rjocht te setten op social media en oare kanalen.

'Suggestive berjochtjouwing'

Boon is lilk oer de hâlding fan de krante. "Het is heel erg suggestieve berichtgeving en dat is wel heel jammer."
Neffens de gemeente binne en bliuwe se foar ynwenners in hiel goedkeape gemeente.