Wini Weidenaar wint Fryske Vrouw in de Media Award 2021: "Dûbeld grutsk"

Undernimmer Wini Weidenaar út Bartlehiem is de winner fan de Vrouw in de Media Award 2021 foar de provinsje Fryslân. As priis hat Weidenaar in byld krigen, makke troch keunstner Ellen Buchwaldt.
Weidenaar hat har yn 2021 neffens 25 prosint fan de 30.000 stimmers it bêste yn de media profilearre. Neffens de stimmers hat se each foar wat omtinken freget en wichtich is, en wit se dat om te setten yn aksje. Weidenaar is neist ûndernimmer ek belutsen by ferskate maatskiplike projekten, sa as Kamp Morra.
Alles wat ik doch, doch ik mei myn hert. Ik tink dat dêr myn krêft sit.
Wini Weidenaar
Se is 'dûbeld grutsk' dat se de priis krigen hat, seit se. "Alles wat ik doch, doch ik mei myn hert. Ik tink dat dêr myn krêft sit." Neffens Weidenaar is de priis belangryk, om't der noch altyd in grut ferskil is tusken it oantal froulju en manlju yn de media.
Lenie Lap út Wetsens einige mei 18 prosint op it twadde plak. Sy hat har ynset foar it projekt fan de reinbôgegemeenten. Psycholooch en kolumniste Irma van Steijn út Ljouwert krige 17 prosint fan de stimmen en waard dêrmei tredde.
Janneke van Heugten en Wini Weidenaar © Omrop Fryslân, Aise van Beets
De Vrouw in de Media Award is in inisjatyf fan Mediaplatform Vaker in de Media en Sprekersbureau ZijSpreekt. De organisatoaren wolle froulike eksperts en rolmodellen oanmoedigje om sichtber te wêzen yn de media en redaksjes oanmoedigje om harren faker dat poadium te bieden, seit Janneke van Heugten van Mediaplatform Vaker in de Media

Sjuery

De sjuery bestie út ûndernimmer en ekonoom Geesje Duursma-Dijkstra, dy't de award earder ek wûn, radiomakker en einredakteur Martine van der Steege en presintator en einredakteur Afke Boven.
De foarige Vrouw in de Media Award Fryslân, yn 2019, waard wûn troch Farmers Defence Force-bestjoerder Sieta van Keimpema út Nes. Kommende moandei is de útrikking fan de Landelijke Vrouw in de Media Award en de You Go Girl Award, dêr't de Fryske award ûnderdiel fan útmakket.
Janneke van Heugten