RIVM: 2.405 nije besmettingen, efterstân yn registraasjes rint op

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 2.405 nije coronabesmettingen registrearre troch it RIVM. It RIVM hat al mear as twa wiken te krijen mei in efterstân yn de ferwurking fan it tal positive tests.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
It RIVM en de GGD hawwe al sechstjin dagen muoite om alle coronameldingen te registrearjen. Dy efterstân is yntusken oprûn nei 104.000 foar hiel Nederlân. Troch de efterstân kinne de sifers bot skommelje. Tiisdei waarden 2.310 nije besmettingen trochjûn.
It trochsneed tal besmettingen oer de ôfrûne sân dagen jout in better byld. Yn Fryslân leit dat deistige trochsneed no op 1.934 besmettingen. Moandei lei it op 1.788 besmettingen, in wike lyn op 1.247.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Yn Fryslân is yn de ôfrûne 24 oeren ien stjergefal fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Dat giet om in ynwenner fan Waadhoeke.
Der binne trije Friezen mei it coronafirus opnaam yn it sikehûs. Dat giet om ynwenners fan de gemeenten Ljouwert (2) en Súdwest-Fryslân.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 67.045. It trochsneed tal besmettingen fan de ôfrûne sân dagen is 76.911.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.