'Komplotdosint' Andringa reagearret op krityk: "Ik kan hard zijn in mijn feedback"

Dosint Tjeerd Andringa fan it University College Groningen hat woansdeitemoarn in online parsekonferinsje jûn. Hy sei ûnder mear dat er wat 'verward' is nei de stoarm fan krityk dy't er de ôfrûne wike oer him hinne krige.
Dosint Tjeerd Andringa by syn online parsekonferinsje (screenshot) © Omrop Fryslân
Der wurdt Andringa ferwiten dat er lesjoech yn komplotteoryen en der soe foar guon studinten in 'ûnfeilige situaasje' yn syn kolleezjeseal wêze. Andringa fynt dat lestich te rymjen mei de benammen positive feedback dy't er al jierren fan syn studinten krijt op syn kolleezjes 'Systems view of life'.
Nei oanlieding fan de krityk hat it bestjoer fan syn fakulteit yn desimber syn nije kursus 'Systems view of life', dy't dizze wike begjinne soe, skrast. Andringa waard freed skorst.
Ferslachjouwer Onno Falkena oer de parsekonferinsje fan Tjeerd Andringa
Andringa fynt dat 'heel vervelend', sa fertelde er woansdeitemoarn yn in oardel oere duorjende online parsekonferinsje. "Het vak lijkt het eigenlijk heel goed te doen. Het doel is om de studenten kritischer en onafhankelijker te leren luisteren en nadenken. Veel studenten vinden dat verfrissend."
By syn kolleezjes soe Andringa geregeld omtinken frege hawwe foar komplotteoryen oer bygelyks de risiko's fan coronafaksinaasjes en de grutte ynfloed fan oaljemaatskippijen op de wrâld.
Ik doe het om discussie uit te lokken en ze te leren hun eigen mening te onderbouwen. Studenten hoeven het niet met mij eens te zijn.
Tjeerd Andringa
"Ik verwijs mijn studenten naar zeer diverse bronnen. Naar overheidswebsites, maar ook naar alternatieve media. Ik doe dat om discussie uit te lokken en ze te leren om hun eigen mening te onderbouwen. Studenten hoeven het niet met mij eens te zijn."
Neffens kranteberjochten soe Andringa in studinte in ûnfoldwaande jûn hawwe foar in stik oer de ûnderdrukking fan Oeigoeren yn Sina, omdat it om 'Amerikaanske propaganda' gean soe. Andringa sei op de parsekonferinsje dat him dat net by stiet.
Tjeerd Andringa by de meeting © Twitter Onno Falkena
In ûnôfhinklike kommisje sil no wiidweidich ûndersyk dwaan nei de kolleezjes 'Systems view of life'. Andringa wachtet dat ôf en is foarearst net fan doel om út himsels op te stappen. "Ik houd van het lesgeven aan studenten en van het academisch onderzoek. Dat wil ik niet zomaar opgeven."
Hy is fan doel de kommende tiid ek sels ûndersyk te dwaan nei wat der mooglik misgien is by syn kolleezjes. "Ik kan hard zijn in mijn feedback in de richting van studenten. Ik ben hard, omdat ze daar het meeste van leren. Er is één student waar ik van weet dat ze dat onveilig vond, maar ook zij was wel positief over de inhoud van de colleges."
Ik zal ongetwijfeld wel eens een scheve schaats rijden, maar als de helft van de studenten het niks zou vinden, was ik al lang gestopt.
Tjeerd Andringa
Benammen de positive reaksjes fan studinten binne foar Andringa in motivaasje om trochgean te wollen. "Ik zie sommigen echt opbloeien tijdens de cursus. Ik zal ongetwijfeld wel eens een scheve schaats rijden, maar als de helft van de studenten het niks zou vinden, was ik al lang gestopt."
De mediastoarm dêr't er yn bedarre is, lit Andringa net ûnferskillich. Hy frege de sjoernalisten dy't syn parsekonferinsje bywennen om soarchfâldich te harkjen. "Ik hoop dat jullie goed luisteren naar alles wat ik te zeggen heb en niet alleen op zoek zijn naar een quote voor een verhaal dat al klaar ligt. Dat zou ik respectloos vinden."

Reputaasje

Andringa hat nei eigen sizzen benammen 'hartverwarmende' reaksjes krigen op de mediastoarm fan de ôfrûne wike. "Ook drie negatieve reacties, maar verder alleen maar positief. De dosint is wol benaud foar de reputaasje dy't hy en syn bedriuw mooglik hawwe sille as gefolch fan de negative publisiteit. Hy is spesjalist op it mêd fan akoestyk, lûdswaarnimming en it effekt dêrfan op minsken.
Ferslachjouwer Onno Falkena oer de parsekonferinsje