In mearderheid yn de Keamer giet frijwol wis akkoart mei in nije ferlinging fan de tydlike coronaspoedwet. Nije wike stimt de Keamer, justerjûn debattearren se deroer. As in mearderheid nije wike ynstimt - en dêr liket it dus op - is it de fjirde kear dat de spoedwet ferlinge wurdt.
Hieltyd mear partijen twivelje wol oft de spoedwet noch wol past by dizze faze fan de coronapandemy. In soad opposysjepartijen fine fan net, de spoed is der wat harren oanbelanget wol fan ôf. Nei goed oardel jier hat de tydlike wet boppedat net echt mear in tydlik karakter, sizze se.
By it ynfieren derfan waard it oarspronklike wetsfoarstel al flink ferboud sadat de Keamer ek noch wat sizzenskip behâlde. Sa kin it kabinet op grûn fan de wet gau in yngripende maatregel, mar kin de Keamer dat binnen in wike weromdraaie as in mearderheid it der net mei iens is.
Partijen dy't al langer skeptysk binne, fine de wet net allinnich achterhelle no't de krisis sa goed as besward is. Se pleatse ek fraachtekens by maatregels dy't troch de wet naam wurde. It ôfnimmen fan frijheden fan minsken is yn striid mei de grûnrjochten, sizze partijen, wêrûnder Keamerlid Omtzigt.
Dy partijen wize der ek op dat yn lannen as Denemarken en it Feriene Keninkryk hast alle maatregels yntusken opheft binne. Mar in mearderheid yn de Keamer, wêrûnder CDA, VDD, D66, PvdA en GrienLinks, fynt it noch te betiid foar dat ôfskied. Se wize op it hege tal besmettingen en fine dat der noch te folle ûnwis is. Ek minister Kuipers wiist dêrop.