Operaasje Fryske Flagge: Gerben hat Dútske en Fryske flaggen op syn frachtweinen

Alle lannen op ierde ha in emoji fan de eigen flagge, mar de Fryske flagge stiet der net by. Omrop Fryslân wol mei Operaasje Fryske Flagge berikke dat de Fryske flagge yn de list fan emoji's komt. Dat slagget ús net allinnich. Friezen om utens kinne harren Fryske flagge op ús online wrâldkaart pleatse. Dizze wike: Gerben Faber út Dútslân.
© Gerben Faber
Gerben Faber (55) is opgroeid yn Parregea, mar wennet no yn Oberndorf, yn de buert fan Hamburg. Hy ferhuze yn 1988 mei syn âlden mei nei Dútslân. "Us heit en ik woenen graach tegearre buorkje. Dat wie yn Nederlân net mooglik, ús heit fûn dat fierstente djoer."
Yn Dútslân koenen se wol terjochte. En dus gongen heit mem en fiif bern dy kant op. "Dat wie in hiele operaasje", wit Faber noch. "We woenen ek wer net te fier fuort, want ik hie noch in broer yn Emmen wenjen. Dêr woe ús mem graach wol fan yn de buert bliuwe."

Net altyd foar de wyn

It waard yn Dútslân in nij, mar ek hurd bestean. De húshâlding moast hurd wurkje en hie úteinlik te lijen fan wat tebeksetters. Uteinlik is der besletten om de boel wer te ferkeapjen. "It giet je net altyd foar de wyn", seit Faber.
Nei't er in jier foar in baas wurke, is er foar himsels begûn mei in transportbedriuw. Dat docht Faber noch altyd en yntusken hat er seis frachtweinen op de dyk en fêst personiel yn tsjinst. Syn bedriuw ferfiert lânbou, yndustry- en ôffalguod. Op alle weinen steane in Dútske én in Fryske flagge.

Wat mear thús

It bedriuw draait goed en no't Gerben wat âlder wurdt, kin er sels ek wat rêstiger oan dwaan. Hy hat no mear romte om ûnderhâld yn de tún te dwaan en te genietsjen fan rockmuzyk, dêr't er wol niget oan hat. "En ik bin wat mear thús. Dan sjogge je ek wat faker by de frou."

Net werom nei Fryslân

Yn 1992 troude Faber mei in Dútske frou. Tegearre krigen sy trije bern, dy binne yntusken 27, 28 en 29 jier. De húshâlding is goed opnommen yn de mienskip. "Dan wolle je ek net werom."
En se wenje hartstikkene moai. "We ha hjir in hiel moai plakje! We wenje op de romte, oan de ein fan it doarp. Yn 2017 ha we hjir in nij húske delset. Dit wie oait in pleats, dat ha we kocht en letter allegear moai opboud."
Faber praat noch in soad Frysk, mei syn heit en mei syn suster. Dy lêste wennet yn Goutum. Mar sels werom nei Fryslân, dat hoecht wat Faber oanbelanget net. "Ik gean ien kear yn it jier mei myn frou nei Nederlân ta foar ynkeapen. Oranjekoeken en oaljekoeken bygelyks. Mar misse? Nee, dat net. Dat moat ek net, dan giet it ferkeard."
Alle lannen op ierde ha in emoji fan de eigen flagge, mar de Fryske flagge stiet der net by. Omrop Fryslân wol mei Operaasje Fryske Flagge berikke dat de Fryske flagge yn de list fan emoji's komt. Dat slagget ús net allinnich. Friezen om utens kinne harren Fryske flagge op ús online wrâldkaart pleatse.