Measte gemeenten fine lanlike doelstelling fan 30 kilo ôffal yn 2025 net helber

Tsien Fryske gemeenten fine lanlike doelstelling fan 30 kilo ôffal de ynwenner yn 2025 net helber. Dat blykt út in rûnfraach fan Omrop Fryslân. Hast alle gemeenten ha harren kommittearre oan de 'Van Afval Naar Grondstof' (VANG) doelstellingen, mar yn de praktyk blykt it te dreech om te heljen.
In selsparsjende ôffalkontener © ANP
Op dit stuit is gemeente Hearrenfean mei 109 kilo yn 2020 de gemeente mei de leechste restôffalproduksje. Dat betsjut in reduksje fan hast 80 kilo yn 2025, soene sy oan doelstellingen foldwaan wolle.
Dat is ek de reden dat safolle gemeentes oanjouwe de doelstellingen net te heljen. Fan de santjin gemeenten dy't harren kommitearje oan de VANG sizze tsien it net te heljen, seis witte it noch net en mar ien seit dat it wol helber is. Dat is de gemeente Smellingerlân. "In praktijk is het mogelijk om de hoeveelheid restafval te reduceren tot circa 25 kilo. Hiervoor hebben we de medewerking van de inwoners van Smallingerland nodig."
Guon gemeenten sette no al yn op in oare doelstelling. Sa seit gemeente De Fryske Marren 60 kilo ôffal de ynwenners 'as in realistysk en berikber doel' te sjen. En gemeente Ljouwert seit foar 2030 te stribjen nei de 30 kilo.
Taljochting by de grafyk: de eilannen wurde troch Omrin hjir net yn meinaam om't se ek in soad ôffal fan toeristen ha. It ôffal fan Smellingerlân wurdt net troch Omrin ferwurke.
Ferskate gemeenten besykje ferskate manieren om minder restôffal te krijen, elke gemeente mei dit sels bepale.
De measte gemeenten jouwe oan dat sy dogge oan boarne- en neiskieding. Dat stimulearje se troch mooglikheden te kreëarjen foar it skieden fan ôffal as ûndergrûnske konteners foar glês of tekstyl.

Betelje de pûde

Ek in populêre wize is it Diftar-systeem dat no troch Hearrenfean, Opsterlân en Eaststellingwerf brûkt wurdt. Dêryn betelje ynwenners fan in gemeente neist in fêst bedrach foar harren ôffal, ek in fariabel bedrach, dat ôfhinklik is fan hoefolle ôffal oft se produsearje.

Wat is VANG?

It VANG-programma is yn 2015 yn alle Nederlânske gemeenten lansearre mei as efterlizzend doel: it realisearjen fan in sirkulêre ekonomy. Yn in sirkulêre ekonomy bestiet der gjin ôffal en wurde grûnstoffen hieltyd op 'e nij brûkt. De twa belangrykste VANG- doelstellingen binne 100 prosint ôffalskieding en 30 kilo 'fyn' restôffalproduksje de persoan yn it jier.
Yn de gemeente Eaststellingwerf late de ynfiering fan Diftar yn 2019 al ta in delgong fan 26 prosint fan it restôffal yn de gemeente en in taname fan 27 persint fan it gft-ôffal.
Bettere ôffalskieding en ôffalreduksje geane dus dúdlik hân yn hân. Ek de gemeenten Weststellingwerf en Ljouwert wolle it Diftar-systeem ynfiere. Weststellingwerf wol dat oan ein fan 2022 dwaan en Ljouwert begjin 2023.

Minder faak kontener ophelje

In oare wize om it ôffalgedrach fan ynwenners posityf te beynfloedzjen is troch it oanpassen fan de ophelfrekwinsje. De gedachte hjirachter is dat as je faker it grienôffal ophelje en minder faak restôffal, minsken better skiede sille.
© ANP
Gemeente Smellingerlân docht it sûnt 2017 al op dizze wize en gemeente De Fryske Marren hopet dit belied takom jier ynfiere te kinnen. Ek de gemeente Tytsjerksteradiel besiket sûnt 2021 it ôffal yn de gemeente op dy wize werom te bringen. Yn de earste njoggen moannen nei de ynfiering hat de gemeente 16 persint minder ôffal ophelle.
Hielke van Duuren oer syn ûndersyk
Letter dizze woansdei folget mear oer dit ûnderwerp. Is it nije belied foar Tytsjerksteradiel genôch om de ambisjeuze VANG-doelstellings te heljen? En tinke de ynwenners fan de gemeente no ek oars oer it skieden fan òffal? Dat is te sjen en te hearren yn reportaazjes by Omrop Fryslân op radio en telefyzje.