Jan Houter - alias Jan van Vlieland - stoarn

Histoarikus, ûndernimmer en skriuwer Jan Houter, alias Jan van Vlieland, is stoarn. De offisjeuze boargemaster fan Flylân is 78 jier wurden.
Jan Houter wie in besiele ferteller © ANP
"Ontzettend verdrietig dat hij vanuit zijn positiviteit de mooie verhalen van Vlieland niet meer kan vertellen", seit boargemaster Schrier yn reaksje op Houter syn ferstjerren.

Jan van Vlieland

Houter komt fan in ûndernimmersfamylje út Hoorn (Noard-Hollân), dy't yn de jierren 50 nei it eilân kaam. De famylje begûn mei in supermerk yn de Dorpsstraat en Jan Houter sette yn 1986 útein mei in fytsferhier. Dy krige de namme Jan van Vlieland, de bynamme fan Houter.
Mei histoarikus Anne Doedens brocht Houter tal fan boeken út oer ûnder oare de skiednis fan Flylân. Dêr joech er ek lêzingen oer.

Skiednis fêstlizze

Houter syn passy wie om de skiednis fan Flylân fêst te lizzen. De ôfrûne jierren brocht er bygelyks boeken út oer de 400 jier oan rêdingen en skippen dy't fêstrûn binne en oer de ramp fan 1666, doe't in Ingelske float Flylân en Skylge oanfoel.

Tige ûndernimmend

Fierder hat Houter allerhanne funksjes hân op it eilân. Hy siet mear as fyftich jier yn it fanfarekorps fan Flylân, hy begûn in karnavalsferiening en presintearre sûnt de jierren 70 de saneamde Zomeravondshows. Houter siet ek tsien jier yn de gemeenteried, wie gemeente-archivaris en behearder fan museum 't Trompshuys en fan it Bezoekerscentrum Vlieland.
Mei syn soannen Klaas en Erik hie Houter net allinnich de fytsferhier, mar ek Hotel Zeezicht en hoarekagelegenheid De Oude Stoep.

Korrespondint Flylân

Earder woe Houter graach sjoernalist wurde. Dat is der net fan kaam, mar hy holp de Harlinger Courant, de Telegraaf en Omrop Fryslân wol as der nijs op it eilân wie.
Houter wie al in skoftke siik.