Hospys It Hearrenfean siket tsiental nije frijwilligers: "In hast-thús-hûs"

Hieltyd mear minsken bringe har lêste dagen troch yn in hospys. Yn it Julia Jan Wouters Hospys op It Hearrenfean kinne se in soad nije frijwilligers brûke om de bewenners in moaie lêste tiid te besoargjen.
It Julia Jan Wouters Hospys op It Hearrenfean © Omrop Fryslân
'In hast-thús-hûs', sa nimme se it hospys ek wol, fertelt Ytsje Miedema fan it Julia Jan Wouters Hospys op It Hearrenfean. "It is in hûs dêr't je komme kinne om de lêste dagen fan je libben troch te bringen. It is rjochte op de ein fan it libben fan minsken, mar we besykje it ta in moaie tiid te meitsjen."
It hospys is op syk nij frijwilligers dy't dêrmei helpe kinne, al is it mar foar fjouwer oerkes yn 'e wike. Der is ferlet fan in tsiental minsken om de hospys draaiende te hâlden.

'It sit him yn de lytse dingen'

Yn hûslike sfear fersoargje de frijwilligers fan de hospys de minsken. Eltsenien hat ferlet fan wat oars, ûnderstreket Miedema: wol of net in petear, in patatsje fan de snackbar op de hoeke of wiidweidich ite. "It sit him yn hiel lytse dingen", seit Miedema.
© Shutterstock.com (Lighthunter)
Wat it lykwols echt bysûnder makket, is neffens Miedema dat de frijwilligers wat betsjutte kinne yn de lêste wiken fan it libben. "Dat sy der wat oan taheakje kinne. It hoecht net altyd swier te wêzen. It is hjir net altyd tryst. Der wurdt ek lake, der is ek wille. Der wurde moaie petearen fierd dy't der ta dogge."
Ytsje Miedema fan it Julia Jan Wouters Hospys
Net eltsenien is geskikt foar it wurkjen yn de hospys. In iepen hâlding is it wichtichst, seit Miedema, krekt as de motivaasje fan de frijwilliger. "It is goed dat je in iepen hâlding hawwe, nei alle minsken", seit Miedema. "Want yn de hospys is eltsenien wolkom."