Brânbrief sikehûsbestjoeren: bernehertsintrum Grins ûnmisber foar it Noarden

It is ûnakseptabel dat it bernehertsintrum ferdwynt út it universitêr sikehûs yn Grins. Dat skriuwe de bestjoeren fan tolve sikehûzen yn it noarden en easten fan Nederlân yn in brief oan minister Kuipers fan Folkssûnens.
It hechtsjen fan in wûne © ANP
It brief is ek ûndertekene troch de fjouwer Fryske sikehûzen. De bestjoeren sizze dat it bernehertsintrum net mist wurde kin yn de soarch oan pasjinten yn dit stik fan Nederlân.
Toegang tot dergelijke zorg moet in alle regio's in Nederland geborgd zijn, zo ook in de onze.
De tolve sikehûzen yn it brief
"Voor de acute zorg voor kinderen is deze zorgfaciliteit in de directe nabijheid voor ons van levensbelang", stiet yn it brief. "Toegang tot dergelijke zorg moet in alle regio's in Nederland geborgd zijn, zo ook in de onze."
It regear wol de bernehertsoarch konsintrearje op twa plakken yn it lân: Rotterdam en Utrecht. Dat soe de kwaliteit ten goede komme. Gefolch soe dan wol wêze dat de bernehertsintrums yn Grins, Amsterdam en Leiden ferdwine.

'Ferskil wurdt te grut'

Neffens de tolve sikehûzen yn it noarden en easten fan Nederlân wurdt op basis fan geografyske lizzing it ferskil yn behannelmooglikheden te grut, en dêrmei ek de kâns om te oerlibjen.
In petysje om it bernehertsintrum yn Grins te hâlden is mear as 250.000 kear tekene.