Stoarmskea op it strân fan It Amelân: “Je tinke: blikskater, ús eilân!"
It stoarmet al dagen op It Amelân. De Noardsee is in gefaarlike, woeste jonge wurden. Dat soarget foar dúnôfslach, dêr't in protte sân by ferlern gean kin. Rykswettersteat docht dêr op it stuit ynspeksje nei.
It sjocht der no dramatysker út as dat it is, seit Jan Visser fan Rykswettersteat. "Je tinke: blikskater, ús eilân, hoe komt it allegearre?" De grutte, brede kearing efter it strân soarget der lykwols foar dat se by Rykswettersteat net al te lang wekker lizze fan in stoarm as Corrie.
By Strânpaviljoen Sunset is dat wol oars. Krekt as yn 2013 is de stoarmskea by it paviljoen grut. In trep dy't stikken slein is, skea oan de rinbrêge fan it paviljoen en it magazyn dat fuortslein is.
"Als ik het allemaal bij elkaar moet optellen, gaat het denk ik om zo'n 20.000 euro", seit eigener Harold van Workum. Yn 2013 hie er ek al flinke stoarmskea. "Die klap was veel groter, toen hadden we serieuze schade. Dit is ondernemersrisico, je weet dat dit soort dingen kunnen gebeuren. Dit is natuurgeweld. Daar winnen wij het niet van."
De kust fan it Amelân stiet al in skoft ûnder druk. Dat hat ferskate oarsaken, seit Jan Visser. De sânbanken foar de kust binne bygelyks minder grut as foarhinne, wêrtroch't de weagen foar de kust net mear brutsen wurde. "De weagen en de hichte fan de weagen ha rjochtstreeks fet op de kust."
"It oare punt is dat der yn it seegat, dêr't it hiel djip is, hieltyd wikseljende geulfoarmen binne, dy't kontinu feroarje", seit Visser. "De kombinaasje mei gebrek oan sânbanken soarget derfoar dat dit stik fan de kust altiten ûnder druk stiet."
Natuerlik werstel
By Rykswettersteat hoopje se dat de natuer it probleem úteinlik sels wer oplosse sil. It ynstitút Deltares docht ûndersyk nei natuerlik werstel fan de sânbanken. "Mar safier is it noch net", seit Visser. "We hâlde der rekken mei dat we wol faker sân helje moatte út de Noardsee wei, ek yn hieltyd gruttere hoemannichten."