Jildboete foar deadlike oanriding yn Wolvegea

In 29-jierrige automobilist út Havelte krijt in jildboete fan 1.000 euro foar in deadlike oanriding yn Wolvega, jannewaris ferline jier. By it ûngelok kaam in 87-jierrige fuotgongster om it libben.
© Shutterstock
It Iepenbier Ministearje hie in hegere straf easke. Wat justysje oanbelanget hie de man in wurkstraf fan 240 oeren krije moatten, plus in rydûntsizzing fan in healjier ûnder betingst.
De man soe op syn minst 25 kilometer yn 'e oere te hurd riden ha. It Iepenbier Ministearje basearre him dêrby op de analyze fan de plysje. Mar neffens de rjochtbank wie de remproef net ûnder deselde omstannichheden dien as it gefal wie op it momint fan it ûngelok. Op de jûn fan it ûngelok wie de dyk wiet, in dei letter drûch.
De rjochtbank gong dêrom út fan de ferklearring fan de fertochte. Dy tocht dat er 50 oant 60 kilometer yn 'e oere riden hie. Dat de man syn ferantwurdlikheid toand hie en ek kontakt socht hat mei de neibesteanden fûn de rjochtbank ek posityf. Boppedat hie de man gjin strafblêd.