Liveblog | 1 febrewaris 2022

Coronanijs 1 febrewaris: Soad ûnfrede op skoallen troch coronamaatregels

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus:

  • Sikehûsbesetting troch coronapasjinten rint lanlik wer op;
  • Yn Fryslân binne tiisdei 2.310 nije coronabesmettingen meld;
  • Lanlik giet it om 105.840 nije coronabesmettingen, troch it ynheljen fan in efterstân by it RIVM leit dit sifer heger;
  • Mear as in heal miljoen coronatagongsbewizen ferfalle freed;
  • Goed 1,3 miljoen positive coronatests yn jannewaris.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

Lêst bywurke: 1 febrewaris 2022, 18:07
22:00

Oant moarn

We slute it liveblog foar hjoed. Tank foar it folgjen en moarn melde we ús wer.
18:01

CBR naam ferline jier wer mear eksamens ôf

It Centraal Bureau Rijvaardigheidsbewijzen (CBR) hat ferline jier nettsjinsteande corona wer mear eksamens ôfnommen as it jier dêrfoar. It giet om 1,5 miljoen eksamens, in stiging fan 20 persint en dêrmei likefolle as foar de coronakrisis. Der binne benammen mear teory-eksamens ôfnommen troch it CBR. Der koenen ferline jier mear teory-eksamens dien wurde troch de lokaasjes seis dagen yn 'e wike iepen te hâlden "en ook in de avonduren theorie-examens mogelijk te maken".
Corona hat lykwols noch hieltyd effekt op de wachttiden, seit it CBR. It hat benammen te krijen mei de oardel-metermaatregel. Doe't dy ferline jier in skoft loslitten waard, koenen mear minsken tagelyk in teory-eksamen dwaan.
It CBR wol de wachttiden ferkoartsje en kundige dêrom ferline jier oan hûndert nije eksaminatoaren te sykjen. Troch krapte op de arbeidsmerk die bliken dat it dreech wie om minsken te finen, oant no ta binne tweintich minsken oplaat.
17:10

Skoalorganisaasjes: soad ûnfrede troch coronamaatregels

In tredde fan de bern op middelbere skoallen jout har eigen wolwêzen in ûnfoldwaande yn de perioades fan strange coronamaatregels. Ta dy konklúzje komme Landelijk Aktie Komitee Scholieren (LAKS) en Stichting Cultureel Jongeren Paspoort (CJP) yn in ûndersyk dat se tegearre dien hawwe. Se fregen dêrby 120.000 learlingen tusken de 12 en 18 jier fan juny ôf oant en mei desimber 2021 om elke wike oan te jaan hoe't it gie.
Learlingen dy't it wolwêzen in min sifer joegen, hiene in soad negative gefoelens. "De helft van deze leerlingen gaf steevast aan somber te zijn en twee derde van hen ervaarde veel stress en druk om te presteren. Leerlingen gaven daarnaast aan gefrustreerd en teleurgesteld te zijn, wat kan komen door een gebrek aan toekomstperspectief in deze coronatijd", sizze de jongereinorganisaasjes.
16:39

Goed 52.000 bern hawwe coronaprik krigen

Yn de ôfrûne wiken hawwe 52.047 bern in prik tsjin it coronafirus krigen. It giet om bern oant 12 jier. Dat betsjut dat 4 persint fan alle bern yn dizze leeftiidsgroep in earste prik krigen ha. Boppedat hawwe 351 bern fan 5 oant en mei 11 jier ek al in twadde prik hân. Dat docht bliken út de earste sifers fan it RIVM oer faksinaasje by jonge bern.
Yn totaal kinne 1,3 miljoen bern in coronaprik krije.
© Omrop Fryslân
16:00

Tal sikehûsopnames nimt lanlik op 'e nij ta

It tal sikehûsopnames is lanlik op 'e nij tanommen. De ôfrûne wike moasten 1056 minsken opnommen wurde yn it sikehûs fanwegen Covid-19. In wike earder wiene dat der nei in korreksje 951, in wike dêr wer foar 770.
Fan de 1056 coronapasjinten dy't ôfrûne wike opnommen waarden, kamen 78 op in ic-bêd terjochte. In wike earder wienen dat der 66. Foar it earst sûnt novimber nimt dêrmei de stream oan coronapasjinten op de ic's ta.
15:34

2.310 nije coronabesmettingen fêststeld yn Fryslân

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 2.310 nije coronabesmettingen registrearre by it RIVM. Dat binne 1.295 mear as moandei. It RIVM is dwaande mei it ynheljen fan in efterstân yn it tal registrearre besmettingen, dêrtroch leit it besmettingssifer nei alle gedachten heger. De efterstân oer de lêste fyftjin dagen is op it stuit noch 81.000 besmettingen foar hiel Nederlân.

Gjin stjergefallen, seis sikehûsopnames

Der binne de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Der binne seis Friezen mei it coronafirus opnaam yn it sikehûs. Dat giet om ynwenners fan de gemeenten Smellingerlân (2), Ljouwert, Opsterlân, Weststellingwerf en Noardeast-Fryslân.