Needoprop iishockeyklup Flyers oan regear: 'Ook ijshockeyers hebben een gezin'

IIshockeyklup UNIS Flyers fan It Hearrenfean docht in needoprop oan it regear. Troch it útbliuwen fan finansjele stipe driigje finansjele problemen, wêrtroch't se ûnder oare salarissen net útbetelje kinne.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Sûnt novimber hawwe de Flyers gjin ynkomsten mear út kaartferkeap, omdat troch de lockdown wedstriden sûnder publyk spile wurde moasten. Oant it opheffen fan dy maatregel op 28 jannewaris gie it foar de Flyers om acht thúswedstriden. Ek oare ynkomsten fan besikers foelen yn dy perioade fuort.

Stiperegeling duorret mar

By it ôfkundigjen fan de maatregel makke it regear bekend dat der in stiperegeling foar de topsport komme soe. De ferwachting wie dat dy der ein jannewaris lizze soe, mar no docht bliken dat dat net earder as ein maart of begjin april is.
De Flyers duorret dat te lang: 'Door het uitblijven van steun voor de periode zonder publiek komt de club in financiële problemen en is het betalen van salarissen van spelers en trainers bijna onmogelijk. En ook ijshockeyers hebben een gezin', skriuwe se yn de needoprop. 'Daarbij lopen voor de club ook de vaste lasten voor materiaal en accommodatie gewoon door'.
© UNIS Flyers
De tiid fan geduldich ôfwachtsjen is foar de Flyers foarby. Dêrom no de needoprop: 'Kom je belofte na en doe dat snel'. De klup wol binnen in pear wiken dúdlikheid oer hoe't it komt mei de kompensaasje.
De needoprop is net allinne tekene troch foarsitter Henk Hoekstra fan de Flyers, ek sportwethâlder Jelle Zoetendal fan Hearrenfean stipet him.
Henk Hoekstra fan de Flyers