Diel Fryske Steaten wol opnij geitestop: 'Bij twijfel niet inhalen'

Seis partijen yn Provinsjale Steaten wolle opnij in stop op mear geiten yn Fryslân. Ek wolle de partijen dat net alle gemeenten ôfsûnderlik in beslút nimme moatte oer de komst of útwreiding fan geitehâlderijen, mar dat der provinsjaal belied komt.
© ANP
De seis partijen - Partij voor de Dieren, Partij van de Arbeid, GrienLinks, SP, D66 en 50PLUS - pleitsje foar de nije geitestop, as sjoen wurdt nei it tanimmend tal oanfragen dat by Fryske gemeenten binnen kaam is foar de fêstiging of útwreiding fan geitehâlderijen.

Sûnenseffekt

De partijen binne benaud foar negative sûnenseffekten foar omwenners. Se wize dêrby op eardere ûndersiken fan de GGD en it RIVM. Dy kamen yn 2020 mei it advys om minimaal twa kilometer ôfstân tusken in geitehâlderij en 'gevoelige bestemmingen'. Dêr wurde bygelyks huzen, sikehuzen en skoallen ûnder ferstien.
Yn july 2019 stimde in mearderheid fan Provinsjale Steaten tsjin ferlinging fan de doe jildende geitestop, omdat der gjin sprake wêze soe fan oanfragen foar fêstiging yn Fryslân fan geitehâlderijen út provinsjes dêr't ek sa'n stop jildt. Neffens de seis partijen binne dy oanfragen der wis wol.
In mearderheid fan Provinsjale Steaten woe dêrneist oanfoljende ûndersiken fan de GGD en it RIVM ôfwachtsje. Troch de drokte dy't dy ynstânsjes hawwe mei corona binne dy ûndersiken neffens de partijen noch hieltyd net klear.
Het is van belang dat de provincie één lijn trekt.
Menno Brouwer fan de Partij voor de Dieren
De partijen wolle ek dat de provinsje komt mei belied foar geitehâlderijen, omdat gemeenten neffens har wrakselje mei it nimmen fan besluten. "De stijging in Fryslân is ook binnen gemeenten een punt van zorg", seit Menno Brouwer fan de Partij voor de Dieren út namme fan de seis partijen.
"Sommige gemeenten in Fryslân voeren daadwerkelijk een lokale stop op geitenhouderijen in, terwijl andere gemeenten zich nog beraden", seit Brouwer. "Het is van belang dat de provincie één lijn trekt en een tijdelijke generieke geitenstop in voert voor de gehele provincie.
Brouwer hat út namme fan de seis partijen fragen steld oan it kolleezje fan Deputearre Steaten.
Steatelid Menno Brouwer fan de Partij voor de Dieren