Nijste Hearrenfean-oanwinst Amin Sarr: "Ik wol hjir skiednis skriuwe"

"Doe't ik hearde fan de ynteresse fan Hearrenfean woe ik hjir gelyk hinne om skiednis te skriuwen, krekt sa as oare Sweedske spilers dat hjir ek dien hawwe", seit Amin Sarr, de nijste miljoene-oankeap fan sc Hearrenfean.
Amin Sarr
Sarr hat in kontrakt tekene foar 3,5 jier en Hearrenfean betellet goed 2 miljoen euro foar de Sweedske jeugdynternasjonal. "Fansels binne der hege ferwachtingen", seit Sarr.
"Ik bin hjir nei ta kaam om doelpunten te meitsjen. Doe't ik yn Sweden noch yn 'e jeugd fuotballe woe ik al nei de Nederlânske kompetysje, omdat dat in goeie stap is yn myn karriêre. Uteinlik wol ik yn 'e takomst fuotbalje yn de grutste fuotbalkompetysjes fan 'e wrâld."
Amin Sarr © Orange Pictures
Technysk manager Ferry de Haan is tige wiis mei de komst fan de nije nûmer 9. De technysk manager ferwachtet yn 'e takomst dat Sarr in soad jild opsmite kin as hy him troch ûntwikkelet.
Een investering als deze doe je om de club naar een hoger niveau te tillen, maar onder aan de streep moet de verdubbelaar ingezet gaan worden.
Technysk manager Ferry de Haan oer Amin Sarr
De Haan: "Hij is jong, heeft snelheid en kracht en hij kan absoluut een goal maken. Dat maakt hem interessant. Een investering als deze doe je om de club naar een hoger niveau te tillen. Maar onder aan de streep moet de zogenaamde verdubbelaar ingezet gaan worden."
Ferry de Haan oer Amin Sarr
Ek middenfjilder Thom Haye makket de oerstap nei it Abe Lenstrastadion. De middenfjilder fan NAC Breda tekenet nei drege ûnderhannelings in kontrakt oant de simmer fan 2024.
Haye: "Ik ben een verbindingsspeler tussen de verdediging en het middenveld, maar het laatste jaar heb ik daar rendement aan toegevoegd. Ik denk dat ik dat kan toevoegen aan dit Heerenveen."
Thom Haye