HPV-faksinaasje no ek foar jonges; 19.000 Fryske jonges krije útnûging

It faksinaasjeprogramma tsjin HPV-kanker wreidet út; earst wie it allinnich foar famkes, no ek foar jonges. Lanlik binne de earste útnûgingen stjoerd nei jonges dy't dit jier 10 jier wurde.
HPV-faksinaasje tenei ek foar jonges © ANP
"Het HPV-virus, humaan papillomavirus, kan bij meisjes baarmoederhalskanker veroorzaken, maar het kan bij jongens ook kanker aan de penis en anus veroorzaken", seit Everhard Hofstra, dokter by de GGD Fryslân. Diels is dat nij medysk ynsjoch, mar diels ek om't de Gezondheidsraad it advisearret om meardere redenen.

Jonger

It docht bliken dat de beskerming lang duorret en dêrom kin de leeftiid fan 13 jier nei 10 jier ûnderen brocht wurde. "Het virus wordt via seksueel contact overgedragen en dus moeten ze de prik krijgen voordat ze seksueel actief worden."
It giet dit jier om 19.000 jonges en 8.000 famkes. Jonges oant 18 jier wurde útnûge. Dit jier de even jierren en takom jier de ûneven leeftiden. Fryske jonges kinne de útnûging yn de rin fan febrewaris ôf ferwachtsje.
Everhard Hofstra