In skip as leslokaal: djoere ekspedysjes populêr by middelbere skoallen

Learlingen fan it fuortset ûnderwiis kieze hieltyd faker foar praktyklessen as oanfolling op de reguliere oplieding. Benammen foar saneamde skoalle-op-seeprogramma's wurdt hieltyd mear romte jûn.
Dizze learlingen meitsje har klear foar sa'n reis:
Foar de ekspedysjes meitsje de learlingen in tocht mei in sylboat op see. Se moatte njonken de praktyklessen oan board ek har gewoane skoallessen folgje en skoalûndersiken ôflizze. In organisaasje dy't sokke reizen fersoarget is Masterskip. Dy sylt mei de Wylde Swan yn it Karibysk gebiet en hat fanwegen de grutte belangstelling koartlyn in nij skip oanskaft.

Libbensûnderfining

Rektor Eelco Hooijmaaijers fan it Stedelijk Gymnasium yn Ljouwert tinkt dat benammen de oplieding en wurksumheden as matroas de learlingen in stik libbensûnderfining jout dy't by har lettere stúdzje posityf útpakke sil.
"We hebben vaker leerlingen die met Masterskip meegaan", fertelt er. "De lessen gaan gewoon door. Dat is ook deel van de afspraak die geldt. Het is een heel prachtige ervaring, maar school gaat gewoon verder."
Het zal wel heel anders zijn dan op school.
Learlinge Merel Fiets
Benaud foar learefterstannen is de rektor net. "Dat valt wel mee. Het zijn 'maar' zes weken. We overleggen goed en als er wel achterstanden zijn, kun je daar maatwerk op maken."
Learlinge Merel Fiets, dy't har klearmakket foar in reis nei Spitsbergen mei de Reade Swan, leaut ek dat it wol goed komt. "Het is allemaal zelfstudie, maar er gaan ook twee docenten mee aan boord. Die gaan ons vast helpen. Het zal wel heel anders zijn dan op school."

Net foar elkenien weilein

Oan de ûnderwiisfoarm hinget wol in priiskaartsje: sa'n 7.000 euro foar in ekspedysje fan seis wiken. De skoalle betellet dat net: learlingen of âlden moatte dat sels op tafel lizze. Sa'n ekspedysje is net foar elkenien weilein dus.
Learlingen fan it Stedelijk Gymnasium op de Reade Swan © Omrop Fryslân
Nettsjinsteande de kosten is der in grutte belangstelling foar de skoalle-op-see-ekspedysjes. En dus moast der in twadde skip komme. "We hadden een wachtlijst van zo'n 25 trainees die mee wilden op onze reizen", seit Christophe Meijer. "Met dit nieuwe schip hopen we op die vraag te kunnen inspelen."
Ien fan de learlingen fan it Stedelijk Gymnasium dy't ynkoarten mei in reis mei sil, is Tommy Barkema. "Vijf weken vaar ik langs de Caribische eilanden. Ik stap aan boord in Sint Maarten, dan varen we langs de Bovenwindse Eilanden met als eindbestemming Cuba. En dan vlieg ik weer terug."

Bysûnder skip

Meijer is tige te sprekken oer de nije oanwinst, dy't no noch de namme Noorderlicht draacht, mar aanst as de twamêstskoender Reade Swan it wide sop kieze sil. "Het is een bijzonder schip omdat zij in koude streken als de poolgebieden kan varen."
Rektor Eelco Hooijmaaijers en learling Tommy Barkema