Coronaprotest mei frachtweinen en trekkers rydt by de alve Fryske stêden del

By de Aldehou yn Ljouwert binne sa'n 25 frachtweinen, tsientallen auto's en in pear trekkers byinoar kommen as protest tsjin de coronaregels.
De dielnimmers oan it coronaprotest sammelen har op it Aldehoustertsjerkhôf:
Se ride snein by alle alve stêden yn Fryslân del ûnder de namme Convoy for Freedom. De aksje is oerwaaid út Kanada wei.
Coronaprotest mei frachtweinen
Fan Ljouwert giet de optocht nei Snits. De sjauffeurs sille de hiele dei ûnderweis wêze en hoopje dat lâns de rûte minsken har oanslute by it konvoai.
Ek yn oare provinsjes yn it lân binne snein soartgelikense protesten.
© Kappers Media