Musical De Tocht mei in jier útsteld: grûn ûnder te bouwen teäter fersmoarge

Alvestêdemusical De Tocht moat mei in jier útsteld wurde. Foar it stik moat spesjaal in teäter boud wurde yn Ljouwert, mar de grûn op dizze lokaasje is fersmoarge.
De organisaasje fan De Tocht seit dat it in ferfelende ferrassing is, omdat der ferline jier noch in ferklearring fan skjinne grûn ôfjûn is nei boaiemûndersyk. It teäter hie eins ein july klear wêze moatten, mar no moat de eigener fan de grûn earst oan it wurk.
It giet om it eardere Brada-terrein, it fleisfabryk oan de Snekertrekweg.
Promoasje foar de musical yn novimber © De Tocht
De premjêre stiet no op de planning foar 1 oktober 2023. Sa't it no liket kin pas takom simmer begûn wurde mei de bou fan it teäter. De musical hat al mear as 20.000 kaarten ferkocht. De organisaasje jout oan it netsjes oplosse te wollen.

Tebeksetter

It is wol in grutte tebeksetter, want der wurkje sa'n 80 meiwurkers oan mei, wêrûnder in soad akteurs. Dy moatte alles wer omsmite om de musical letter opfiere te kinnen. De produksje fan de musckal giet troch, mar de organisaasje neamt it wol hiel sneu foar it publyk.
De Tocht wurdt útsteld