Mercator krijt Europeeske subsydzje foar learmiddels foar bedrige talen

Mercator krijt in Europeeske subsydzje foar de ûntwikkeling fan learmiddels om bedrige talen in plak te jaan yn de klasse. Mercator is it Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen, in ûnderdiel fan de Fryske Akademy yn Ljouwert.
It gebou fan de Fryske Akademy yn Ljouwert, it wittenskiplik ûndersyksynstitút fan Fryslân (Doelestraat) © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Yn oparbeidzjen mei kennisynstituten yn Portugal, Noarwegen, Letlân en Estlân sil Mercator de kommende trije jier as projektkoördinator wurkje. It doel is om ûnderwiisprogramma's te fernijen foar bedrige talen. De fokus leit dêrby op it beskikber stellen fan praktyske ynstruminten om te helpen de oerdracht fan de taal te befoarderjen.
It projekt is no yn de opstartfaze. Uteinlik sille ûnderwizend personiel en mienskipslieders fan gebieten mei minderheden en bedrige talen gebrûk meitsje kinne fan de fergeze materialen op de projektside.
De subsydzje dy't Mercator en har projektpartners krigen hawwe, komt út it ErasmusPlus-programma fan de Europeeske Kommisje, ornearre foar projekten op it mêd fan ûnderwiis, oplieding, jongereinsaken en sport. De subsydzje is in bedrach tusken de 2,5 en 3 ton.