Kamera's by finzenis Ljouwert om mooglike flechtpogingen

Der komme kamera's op ferskate plakken om de Penitentiaire Inrichting yn Ljouwert hinne. Sa moatte feilichheidsproblemen om de Marwei hinne earder yn byld komme.
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
Boargemaster Buma wiisde it gebiet om de finzenis yn juny 2021 oan as feilichheidsrisikogebiet. Dat betsjut ûnder oare dat de plysje mear foech hat om de PI hinne. Reden is dat der op de ôfdieling yntinsyf tafersjoch finzenen sitte dy't mooglik in ûntsnappingspoging dwaan wolle.
Om betiid ynsjoch te krijen yn mooglike feilichheidsproblemen komme der no ek kamera's. Dy komme op it krúspunt fan de Aldlânsdyk en de Drachtsterwei, op de brêge yn de Aldlânsdyk en op de hoeke fan de Holstmeerwei en de Langdeelstrjitte.
De kamera's wurde yn febrewaris fan dit jier pleatst.