Kabinet ferrommet coronaregels: "We zoeken de grenzen van het mogelijke op"

Fan woansdei ôf jilde der ferskate ferrommingen yn de coronamaatregels: hoareka, kultuer en eveneminten meie wer los, al is it mei betingsten. De nije regels jilde foarearst seis wiken. Oer trije wiken wurde se op 'e nij besjoen troch it kabinet.
Premier Mark Rutte © ANP
"We zetten vandaag een grote stap om Nederland van het slot te halen", sei premier Mark Rutte. "Dat terwijl de besmettingscijfers door het dak knallen." Neffens de premier hat it lân te lijen fan grutte problemen en spanningen. "Daarom is er bewust voor gekozen de grenzen van het mogelijke op te zoeken."

Risiko

Rutte jout wol oan dat der oer trije wiken wer sjoen wurdt hoe't de nije maatregels falle. "Ik hoop niet dat ons dan een jojo-beleid wordt verweten, want we nemen vandaag gewoon een risico."

Dit binne de meast wichtige regels:

De nije regels jilde fan woansdei 05.00 oere ôf en binne yn 't earstoan foar de kommende trije wiken.
Hoareka:
Kultuer:
Eveneminten en sport:
Trochstreamlokaasjes:
Besite:
Karantêne:
De minister-presidint docht in berop op eltsenien. "Het begint met naleving van de regels, dat doen we allemaal zelf."

Basisregels

Minister Ernst Kuipers wiisde dêr yn de parsekonferinsje ek op. "Het is en blijft belangrijk om je te laten vaccineren en de boost te halen. Minstens zo belangrijk zijn de leefregels. Ze zijn belangrijker dan ooit tevoren bij de huidige, hoge besmettingscijfers. We doen dit met z'n allen, gezamenlijk."

Fierder as it OMT

Nettsjinsteande it advys fan it Outbreak Management Team om in slutingstiid fan 20.00 oere oan te hâlden, hat it kabinet foar 22.00 oere keazen. "We gaan na lang wikken en wegen iets verder en kiezen voor een algemene sluitingstijd van 22.00 uur. Daar kiezen we voor om zo min mogelijk uitzonderingen te hebben."
Op de webside fan de Rijksoverheid binne de details te finen oer de krekte regels en betingsten.
Premier Rutte spruts ek syn wurdearring út foar de sekoaren dy't it langst op ferromming wachtsje moasten, de hoareka, kultuer en eveneminten. "Nederland heeft jullie gemist", sei hy. "We doen vandaag iets heel spannend, het is nu aan ons allemaal om ervoor te zorgen dat we niet opnieuw op de rem moeten trappen."