47-jierrige man oanholden foar belutsenens by dea Lisette Elzinga

De plysje hat in 47-jierrige man fan It Hearrenfean oanholden yn ferbân mei de dea fan de 26-jierrige Lisette Elzinga yn oktober ferline jier. De man wurdt fertocht fan dea troch skuld en in sedelikt by in oare frou.
Dit is der oant no ta bekend:
De man wurdt njonken de belutsenens by de dea fan Elzinga ek fertocht fan in sededelikt by in twadde frou, dy't op it momint fan it ynsidint yn itselde hûs wie.
De plysje ferwachtet op koarte termyn in twadde oanhâlding yn dizze saak te dwaan. Mei beide fertochten sil de plysje 'uitvoerig in gesprek', sa jout wurdfierder José van Gijssel oan. Oer de deadsoarsaak fan Lisette kin de plysje noch gjin meidielingen dwaan. It resjerzjeteam wurket troch oan it ûndersyk.
Wurdfierder José van Gijssel fan de plysje
Lisette Elzinga waard op 15 oktober yn soarchlike tastân fûn. Se ferstoar tsien dagen letter yn it sikehûs. De dea fan Lisette soarge foar in soad opskuor op It Hearrenfean. Der giene allerhanne ferhalen rûn dy't foar in soad ûnrêst soargen.

Plysje weromhâldend

Om dy reden organisearren de plysje en boargemaster Tjeerd van der Zwan fan Hearrenfean op 26 oktober in parsegearkomste. De boargemaster joech doe oan alle emoasjes te begripen, mar hy frege ek om net samar te spekulearjen.
Wa't mear ynformaasje oer dit ynsidint hat en dat diele wol mei de plysje, kin terjochte op 0900-8844 of anonym fia 0800-7000.
Der waard earder al in man oanholden dy't harddrugs foarhannen hie. Dy man waard letter ek wer frijlitten. Neffens it Iepenbier Ministearje wie der gjin reden om dizze man langer fêst te hâlden.
Boargemaster Van der Zwan en Marjolein Wildeman fan de plysje yn oktober op in parsekonferinsje oer it ynsidint © ANP
Op it stoflik omskot is toksikologysk ûndersyk dien om út te finen oft der skealike stoffen yn it lichem oanwêzich wiene. Dêr hat de plysje noch neat oer nei bûten brocht. De plysje is weromhâldend mei it nei bûten bringen fan feiten.

Stille tocht

Der waard op 31 oktober in stille tocht holden, organisearre troch freondinnen, as in earebetoan oan Lisette Elzinga.
Ein oktober rûnen sa'n 1.000 minsken mei yn de stille tocht: