Liveblog | 25 jannewaris

Coronanijs 25 jannewaris: kabinet giet mei ferrommingen fierder as it OMT

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus:

  • It kabinet wol hoareka en kultuersektor oant 22.00 oere jûns iepenje;
  • Minder as de helte fan de minsken tusken 18 en 45 hat boosterfaksinaasje;
  • De systemen fan it RIVM en de GGD kinne de coronabesmettingen net mear byhâlde;
  • Yn Fryslân waarden tiisdei 1321 nije coronabesmettingen fêststeld, mar it RIVM hat noch hieltyd in efterstân yn de sifers.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

Bywurke: 25 jannewaris, 23:05
tiisdei 25 jannewaris
23:04

Ein fan de liveblog

Dit is de ein fan dit liveblog. Moarn is der wer in nij liveblog. Tank foar it folgjen.
22:58

Musea bliid mei iepening

De Museumvereniging is wiis mei it iepenjen fan de musea. "Natuurlijk hopen we ook dat er binnen afzienbare tijd verder versoepeld wordt, zodat er geen verschil meer is tussen musea en andere doorstroomlocaties", sa jout de koepelorganisaasje oan.
Betingsten binne bygelyks dat der mar ien besiker op fiif kante meter mei, der jildt in mûlkapkesplicht en boppe de 18 jier moatte besikers in coronatagongsbewiis sjen litte.
20:15

Kabinet kundiget ferrommingen oan

Fan woansdei ôf jilde der ferskate ferrommingen yn de coronamaatregels: hoareka, kultuer en eveneminten meie wer los, al is it mei betingsten. De nije regels jilde foarearst seis wiken. Oer trije wiken wurde se op 'e nij besjoen troch it kabinet.
Premier Mark Rutte © ANP
17:46

Boarnen Den Haag: 'Coronamaatregels duorje trije wiken en jilde fan moarnier 05.00 oere ôf'

De ferrommingen dy't aansten op de parsekonferinsje oankundige wurde, sille yngean fan moarnier 05.00 oere ôf en duorje op syn minst trije wiken. Dat sizze boarnen yn Den Haag.

Earder waard al bekend dat it kabinet ferrommingen ynfiere sil foar de hoareka en de kultuer. Foar dizze sektoaren jildt fan moarn ôf in 3G-belied: minsken krije tagong mei in faksinaasje- of herstelbewiis of mei in negative test. Binnen moatte minsken in mûlkapke op ha.

Eveneminten binne aansten ek wer mooglik foar heechút 1250 besikers. Foar eveneminten dy't bûten binne is it tastien om ien tredde fan de kapasiteit te brûken. By wedstriden yn stadions kin it dus om mear as 1250 besikers gean. Trochstreamlokaasjes, lykas musea en bistetunen, meie aansten ek wer iepen, mar wol ûnder ferskate betingsten.

Ferromming karantênemaatregels

Ii Outbreak Management Team hat it kabinet earder al advisearre om de karantênemaatregels te ferromjen. Bern ûnder de 13 hoege neffens it OMT-advys net mear yn karantêne. It tal minsken dat thús op besite komme mei, is noch hieltyd 4 minsken.
17:17

Vereniging Nederlandse Poppodia en -Festivals: "We worden ‘blij’ gemaakt met een dode mus"

De ferrommingen helpe mar in lyts diel fan de kulturele sektor. Dat skriuwt de Vereniging Nederlandse Poppodia- en Festivals. "De beperkte openingstijden tot 22:00, de beperkte capaciteit van 1.250 bezoekers, een vaste zitplaats met 1,5 meter afstand in combinatie met de check van een coronatoegangsbewijs maken het haast onmogelijk iets zinnigs te ondernemen", sa skriuwt de feriening.

De poppoadia en organisatoaren fan eveneminten en festivals sizze dat it net mooglik is om artysten te presintearjen oan it publyk sûnder dat it jild kostet. It grutste diel fan de omset komt neffens de feriening binnen tusken 22.00 en 4.00 oere. Boppedat ha organisaasjes yn trochsneed 90 persint fan de seal of fan it terrein nedich om alle kosten foar in optreden te beteljen.

"Er moet nu echt heel snel een plan komen waarin wordt uitgelegd hoe en wanneer we op korte termijn 100% zonder beperkingen open kunnen en open kunnen blijven. Wat ons betreft is dat uiterlijk 1 maart 2022", skriuwt VNPF-direkteur Berend Schans.
Poppoadium Neushoorn © Omrop Fryslân
Neushoorn yn Ljouwert lit al witte dat de weriepening finansjeel net út kin. Yn de grutte seal fan it poppoadium kinne sûnder maatregels 700 minsken, wylst dit mei de ferrommingen op syn meast 102 oant 180 wêze kinne.
"Wy hawwe alle jierren dochs wol in tsiental konserten nedich dy't útferkocht binne. It leafst steand, want wy moatte it kwa ynkomsten ek fan de bar hawwe", seit Wietze Meetsma, haad programmamakker by it poppoadium.
16:45

Sikehûzen sille opnamereden registrearje fan minsken dy't posityf teste op it coronafirus

Yn de lanlike sikehûssifers sil tenei in ûnderskied makke wurde tusken pasjinten dy't fanwegen it coronafirus opnaam binne en pasjinten dy't dêr om in oare reden lizze. Dat meldt stichting NICE, dy't de sifer byhâldt en analysearret.

Doe't dúdlik waard dat guon sikehûzen ek pasjinten meirekkenje dy't wol posityf teste binne, mar dy't dêr om in oare reden lizze, sei OMT-foarsitter Jaap Dissel dat dit in "verstorende factor" wêze kin.

De oerheidsmaatregels wurde nammentlik basearre op it tal coronapasjinten yn de sikehûzen. Van Dissel sei doe dat it nei alle gedachten om 5 persint fan it totaal giet, mar dat is gjin aktueel sifer. Yntusken giet it nei alle gedachten om in gruttere groep.
16:31

Minder as de helte fan de minsken tusken 18 en 45 hat boosterfaksinaasje

In frou krijt in faksinaasje op de XXL-priklokaasje fan de GGD © Omrop Fryslân
Fierwei de measte âlderen ha in boosterprik krigen, mar ûnder jongerein is de opkomst folle leger. Fan de groep minsken fan 18 oant en mei 45 jier âld hat minder as de helte in boosterfaksinaasje krigen. Dat meldt it RIVM. By jongerein tusken de 18 en 25 jier is de opkomst 31 persint.

De opkomst foar de boosterfaksinaasje is it heechst by minsken tusken de 76 en de 80 jier âld: dêr giet it om 84 persint.

It tal boosterprikken nimt wol ta. Ferline wike ha goed 460.000 minsken in faksinaasje krigen, tsjin 1,1 miljoen yn de wike dêrfoar en 1,9 miljoen yn de wike dêr wear foar.
16:02

Wer mear operaasjekeamers yn gebrûk yn Nederlânske sikehûzen

Der binne wer mear operaasjekeamers yn gebrûk yn de Nederlânske sikehûzen. Ferline wike waarden der 24 persint minder operaasjekeamers brûkt; moandei gie it om 19 persint. Dat meldt de Nederlandse Zorgautoriteit (NZa).

Der binne ek hieltyd mear sikehûzen dy't soarch biede kinne dy't binnen seis wiken plakhawwe moat. Der binne no 13 sikehûzen dêr't dit net kin; ferline wike wiene it der 16. Der binne fiif sikehûzen dy't gjin planbere soarch, lykas knibbel- en heupoperaasjes, biede kinne. Dat wiene der earder fjouwer.
15:38

RIVM meldt 1.321 nije coronabesmettingen yn Fryslân

De testlokaasje fan de GGD oan de Elzenlaan yn Ljouwert © LEO Middelsé, Lennard Geerts
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 1.321 nije coronabesmettingen registrearre by it RIVM. Moandei waarden 883 nije besmettingen fêststeld.
It RIVM en de GGD hawwe al mear as in wike muoite om alle coronameldingen te registrearjen. Dêrtroch is der yn de lêste acht dagen in ûnderrapportaazje fan 60.000 meldingen. Dêrtroch kinne de sifers bot skommelje. Der wurdt besocht om de efterstân fuort te wurkjen.
It trochsneed tal besmettingen oer de ôfrûne sân dagen jout in better byld. Yn Fryslân leit dat deistige trochsneed no op 1.180 besmettingen. Moandei lei it op 1.058 besmettingen, in wike lyn op 808.

Gjin stjergefallen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus.
Der waarden trije Friezen mei it coronafirus opnaam yn it sikehûs. Dat giet om in ynwenner fan de gemeente Eaststellingwerf, Opsterlân en De Fryske Marren.
Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 54.225. It trochsneed tal besmettingen fan de ôfrûne sân dagen is 52.303.
15:15

Systemen kinne coronabesmettingen net mear byhâlde; mear sikehûsopnamen

It tal nije coronabesmettingen rint sa rap op dat de systemen it net mear registrearje kinne. Yn de ôfrûne sân dagen binne 366.120 positive tests binnen kaam by it RIVM. Dat is goed 50 persint heger as in wike lyn.
It werklike tal is lykwols noch heger. Der is in efterstân fan sa'n 60.000 gefallen. Dit binne besmettingen dy't al wol befêstige binne, mar dy't noch net registrearre binne by it RIVM. Dat betsjut dat der nei alle gedachten 420.000 positive tests west ha.
Minister Ernst Kuipers sei earder dat der de kommende dagen "aanzienlijk meer capaciteit" wêze sil om te testen op corona. De Stichting Open Nederland sil de GGD'en dêr by helpe.
© Omrop Fryslân, Jitze de Vries
It tal sikehûsopnamen nimt foar it east sûnt desimber wer ta. De ôfrûne wike waarden 852 coronapasjinten opnaam. In wike earder wiene it der 701, meldt it LCPS. Dat is in stiging fan 22 persint.
Op it stuit lizze 1163 pasjinten mei Covid-19 yn de Nederlânske sikehûzen. Dat binne der 22 mear as moandei. Dochs binne it der noch altiten minder as yn desimber, doe't it om sa'n 2000 coronapasjinten gie. Op de ic's lizze 252 pasjinten mei it firus; 10 minder as moandei. It is it leechste tal sûnt begjin novimber.
14:41

HealthCheckCenter sil GGD net helpe mei coronatests

It kommersjele coronatestbedriuw HealthCheckCenter sil de GGD net helpe. De antigeentests dy't dêrfoar brûkt wurde moatte, binne "niet betrouwbaar genoeg. Dan zorg je voor schijnveiligheid en blijft het dweilen met de kraan open", seit in wurdfierder fan it bedriuw.

It bedriuw seit dat de sneltesten dêr't it bedriuw mei wurket, foar 65 persint betrouber binne. "Als je honderd mensen test, wordt het coronavirus bij 65 van hen aangetoond, terwijl de andere 35 ook besmet kunnen zijn. Wij pleiten voor PCR-testen. Die zijn 99,999 procent betrouwbaar en de prijs is hetzelfde. De uitslag duurt alleen iets langer."

HealthCheckCenter hat goed 120 testlokaasjes yn hiel Nederlân. It hat twa lokaasjes yn Ljouwert en sit ek op It Hearrenfean en yn Easterwâlde.

Maksimale kapasiteit

By de laboratoaria fan de GGD'en is de maksimale kapasiteit berikt. "Het is bekend dat antigeentesten iets minder betrouwbaar zijn dan PCR-testen, maar ze zijn goedgekeurd door het RIVM. Dan kunnen wij er mee gaan werken. Het is de eigen keuze van HealthCheckCenter om niet mee te doen", seit GGD GHOR Nederland.
14:15

Gjin ekstra testen of karantêne mear foar reizgers dy't faksinearre binne

De EU-lannen wolle fan febrewaris ôf gjin ekstra test of karantêne mear freegje fan reizgers mei in Europeeske coronareispas. Eastenryk en Italië, dy't oant no ta ekstra easken hiene, ha dêrmei ek ynstimd.

Sûnt it útbrekken fan de pandemy wol Brussel dat de lidsteaten de reisregels op inoar ôfstimme, mar yn de praktyk giet it faak oars. Mei de komst fan de omikronfariant giene ferskate EU-lannen har eigen wei.
No't de lannen oerienstimming ha oer wannear't in boosterprik nedich is om de QR-koade foar it Europeeske coronasertificaat te krijen, en sûnt bliken docht dat omikron net sa gefaarlik is, binne lidsteaten lykwols minder strang.
14:01

Measte winkels komme net yn oanmerking foar coronastipe

© Omrop Fryslân
De measte net-essinsjele winkels komme net yn oanmerking foar coronastipe foar de ôfrûne lockdown, docht bliken út in peiling fan winkelbrânsferiening INretail. Neffens de peiling krijt 13 persint TVL-stipe om de fêste lêsten betelje te kinnen. Ien of de fiif ûndernimmers hat rjocht op de NOW-regeling en krijt dêrmei leanstipe foar personiel.

De stipemaatregels wurde foar alle fearnsjierren apart berekkene, mar de lockdown fan desimber en jannewaris wie ferdield oer twa fearnsjierren. De measte bedriuwen ha dêrom gjin rjocht op kompensaasje, ek al moasten se har doarren fjouwer wiken lang slute. Neffens INretail hat acht op de tsien ûndernimmers yn de lockdownperioade boppedat op syn minst 20 persint omset ferlern. In soad ûndernimmers ha har eigen reserves brûkt sadat se oerein bliuwe koene.

It kabinet hat resint tasein dat it om tafel giet mei bedriuwen mei meardere filialen, foar wa't de TVL-regeling net genôch is. Der wurdt ek wurke oan in 'stoppersregeling' wêrmei ûndernimmers stoppe kinne, sûnder der privee oan ûndertroch te gean.
12:42

Hotel-restaurant Princenhof yn Earnewâld riedt him ta op weriepening

By hotel-restaurant Princenhof yn Earnewâld binne se hielendal klear foar de weriepening. Yn it restaurant binne se op it stuit dwaande mei de lêste tariedingen: de bierfetten sitte fol, de taps wurde oansletten. Boppedat is it restaurant 'Puur Prince' de ôfrûne tiid renovearre. "De minsken dy't it hjir kinne, witte net wêr't se aansten nei binnen stappe", seit bedriuwslieder Bart Kamminga.

Kamminga hopet dat it regear beslute sil dat de hoareka aansten oant 10 oere iepen bliuwe mei. "Dan kinne minsken noch efkes neisitte mei in buorreltsje." Dy pear oerkes meitsje in grut ferskil foar de omset, seit Kamminga, mar it soarget der ek foar dat net elkenien om 6 oere oan tafel sit. As minsken letter ek noch komme kinne is der mear sprieding. "Dat is winsklik asto sjochst nei de besmettingen. Oars wurdt it allegearre yn in pear oerkes stoppe."

In protte reservearringen

De kommende wiken sil it wer drok wurde yn it restaurant, tinkt Kamminga. "Do fernimst dat minsken wer wolle. De reservearringen komme wer binnen." Hy ferwachtet dat it jûn, nei de parsekonferinsje, ekstra drok wurdt mei minsken dy't wer út iten wolle. "It is faaks sa dat as de parsekonferinsje ôfrûn is, om healwei achten, dat de telefoantsjes dan wer binnen komme."
Ferslachjouwer Ben de Jager sjocht by Princenhof yn Earnewâld
12:04

RIVM: Minsken krije klachten by omikronbesmetting in heale dei earder

Minsken dy't besmet wurde mei de omikronfariant fan it coronafirus, krije in heale dei earder klachten. Dat melde ûndersikers fan it RIVM. Yn trochsneed sit der 3,4 dagen tusken it momint dat ien mei it firus klachten krijt en it momint dat in húsgenoat dy't ek besmet is, de earste symptomen krijt. By de deltafariant siet der yn trochsneed 3,9 dagen tusken.

Dat docht bliken út ûndersyk fan it RIVM yn desimber 2021, doe't de omikronfariant en de deltafariant rûngiene yn Nederlân. It Rijksinstituut voor Volksgezondheid en Milieu hat spesifyk sjoen nei besmettingen binnen húshâldens.

De koartere perioade tusken de earste syktedei fan de besmettingsboarne en de earste syktedei fan dyjinge dy't besmet wurdt, ferklearret wêrom't omikron rapper rûngiet, skriuwt it RIMV. De resultaten binne noch net publisearre yn in wittenskiplik tydskrift.
11:49

GGD krijt minder help fan militêren op test- en priklokaasjes

© LEO Middelsé, Lennard Geerts
Definsje hat it tal militêren dat de GGD'en helpt by it bestriden fan corona, omleech brocht fan 1600 nei 750. Dat seit in wurdfierder fan Definsje.

Op de testlokaasjes is it tal militêren wol tanaam. Op it stuit helpe 225 militêren mei yn de teststrjitten. Ferline wike wiene it der 160. Der helpe no 60 militêren by de faksinaasje tsjin corona; dat binne der like folle as ferline wike. It tal militêren dat meihelpt kin alle dagen ferskille.

Op it stuit is it smoardrok op de testlokaasjes fan de GGD. Moandei waard bekend dat de laboratoariums dy't de coronatests analysearje, de maksimale kapasiteit berikt ha. It is net mooglik om noch mear minsken te testen as no. By de callcenters fan de GGD is it ek hiel drok; dêr sille mear meiwurkers komme.
11:13

Evenemintebrâns hat swier te lijen ûnder coronamaatregels

De coronamaatregels ha hieltyd gruttere gefolgen foar de evenemintebrâns. Dat docht bliken út ynformaasje fan ûndersyks- en advysburo Respons. Sûnt it útbrekken fan it coronafirus binne 7200 lytse en grutte eveneminten skrast.
De Dokkumer band The Homesick spile yn 2020 op Eurosonic © Omrop Fryslân
Yn ferliking mei de besikersoantallen fan 2019 mist de sektor yn de perioade fan maart 2020 oant en mei desimber 2021 hast 167 miljoen besikers dy't oars op de grutte eveneminten ôfkomme. De besikersoantallen fan de skraste of útstelde mega-eveneminten dy't foar ien kear plakhawwe soene, bygelyks Sail Amsterdam, binne net mei meiteld.
It ferlies dat der yn de earste wiken fan 2022 by kaam, is net meinommen yn it ûndersyk. Der binne dit jier opnij eveneminten skrast, lykas de Vrienden van Amstel Live in Ahoy. By oare eveneminten, bygelyks Eurosonic Noorderslag yn Grins, is gjin publyk oanwêzich.
10:48

Sanne Wallis de Vries: 22.00 oere slutingstiid wurket net foar teäters

In slutingstiid fan 22.00 oere is foar in soad teäters en selskippen "niet tot heel moeilijk werkbaar". Dat seit Sanne Wallis de Vries, de kabaretiêre dy't kaam mei Kapsalon Theater, de protestaksje fan de kultuersektor tsjin de coronamaatregels.
Teäter yn Snits © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
"Als ze tot 23.00 uur open mogen blijven, dan maakt het alles uit voor de sector en niets uit voor het virus en de beleidsmakers", seit Wallis de Vries. Se tinkt ek dat it net rendabel is om iepen te gean as minsken oardel meter ôfstân hâlde moatte yn de teäters.

De nije maatregels sille jûn bekend wurde op de parsekonferinsje fan premier Mark Rutte en Ernst Kuipers fan Folkssûnens.
10:14

Betelle fuotbal wol mei mear publyk fuotbalje yn stadions

It betelle fuotbal wol mear as ien tredde besetting fan de stadions. Dat ha de KNVB, Keuken Kampioen Divisie en Eredivisie CV moandeitejûn witte litten oan it kabinet. Se nimme it foarstel dat der no leit in "voorstel zonder perspectief."
"Het is niet uit te leggen aan de supporters, het vergroot de onrust onder de achterban alleen maar en bovendien kost het de clubs weer handen vol met geld", skriuwe de fuotbalklups, wêrûnder SC Cambuur en sc Heerenveen.
"Wij stellen ons constructief op en willen meedenken in oplossingen. Voor ons is het alleen acceptabel om met 1/3 te beginnen als we vanaf 4 februari kunnen doorschakelen naar minimaal 2/3 bezetting. Dat kunnen wij veilig en verantwoord organiseren. Met alles wat daarbij hoort", sa stiet te lêzen op de webside fan de KNVB. "Wij gaan ervanuit dat het kabinet gehoor geeft aan deze oproep."
09:56

Brânsferiening NVRD wol ferromming karantênemaatregels

NVRD, de brânsferiening foar bedriuwen dy't ôffal ophelje, wol dat de karantênemaatregels foar krúsjale beroppen sa gau mooglik ferromme wurdt. No moatte dizze bedriuwen faak minsken ynsette fan oare ôfdielingen fanwegen de personielskrapte.
Offalferwurker Omrin © Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar
Gemeente Amsterdam melde moandei dat net al it ôffal ophelle wurde kin, om't in protte minsken yn karantêne sitte troch kontakt mei in persoan mei it coronafirus. Neffens NVRD spilet dit yn it hiele lân.

"Wij willen dat mensen die geen klachten hebben, toch kunnen werken", seit in wurdfierder fan de NVRD. "We moeten nu ontzettend ons best doen om de roosters vol te krijgen, terwijl er veel mensen thuiszitten zonder klachten." De feriening skriuwt yn in brânbrief dat it dan wol mûlkapkes en selstests útdiele wol oan wurknimmers.

It regear soe foar 21 jannewaris witte litte oft de karantênemaatregels ferromme wurde, mar dat hat it net dien, seit de NVRD. "Op de website van de Rijksoverheid is het nu aangepast en staat er dat het binnenkort bekend wordt. Maar voor ons is het onduidelijk wanneer we meer weten", seit de wurdfierder.
09:47

Learefterstannen fernimber op Fryske middelbere skoallen

© Simone Scheffer
Twa jier corona hakt deryn by learlingen fan it fuortset ûnderwiis. Sosjaal, mentaal en ek de skoalresultaten lije derûnder. De learefterstannen rinne op.
Dat komt troch twa jier wikseljend thúsûnderwiis, de lockdown fan de ôfrûne moannen, mar ek trochdat in soad jongeren sels corona krije en der ek nochris efkes útreitsje omdat se siik binne.
Op it Bogerman College yn Snits binne der ekstra helplessen opset om benammen eksamenlearlingen wer op wei te helpen. Dat fine de learlingen noflik, want ek al kinne je corona de skuld jaan: gjinien wol sakje.
07:56

Jûn parsekonferinsje mei ferrommingen

Mark Rutte en Ernst Kuipers © ANP
Premier Mark Rutte en minister Ernst Kuipers hâlde jûn foar de twadde kear in coronaparsekonferinsje. Der wurde tal fan ferrommingen ferwachte, ûnder oare foar de hoareka en de kultuer. De parsekonferinsje set om 19.00 oere útein en is dan live te folgjen op de webside en app fan Omrop Fryslân.
06:45

Trijekwart coronapasjinten op IC hat nei in jier noch klachten

Trijekwart fan de coronapasjinten dy't op de intensive care behannele binne, ûnderfynt in jier letter noch hieltyd problemen. Se melde foaral lichaamlike klachten, mar ek problemen mei ûnthâld en konsintraasje of eangstgefoelens.
Mear as de helte wurket nei in jier noch hieltyd minder of hielendal net, blykt út in ûndersyk ûnder lieding fan it Radboudumc, dêr't de NOS oer skriuwt.
Sikehûsmeiwurkers by in coronapasjint op de intensive care © ANP
246 coronapasjinten dy't tusken maart en july 2020 op de IC opnaam waarden, yn de earste coronaweach dus, krigen in jier letter in fragelist opstjoerd. Dêrop jout de helte oan lêst te hawwen fan wurgensklachten. Dêrneist ûnderfine se ek oare problemen, lykas in fermindere kondysje, pine, spierswakte en koartammigens.

Gefoelens fan eangst

Fan de eardere IC-pasjinten seit ien op de fiif lêst te hawwen fan eangstgefoelens of posttraumatyske stress. Dêrneist hat ien op de seis kognitive klachten, lykas geheugen- of konsintraasjeproblemen.
De oanhâldende problemen hawwe harren wjerslach op it deistich libben, docht bliken út it ûndersyk. Mear as de helte hat dêrtroch wurkrelatearre problemen. Se wurkje minder oeren, binne noch altyd mei sykteferlof of hawwe sels harren baan opsein.
moandei 24 jannewaris
06:00

Wolkom!

Wolkom by it liveblog fan moandei 24 jannewaris oer de ûntwikkelingen oangeande it coronafirus yn Fryslân. Us liveblog fan moandei neilêze kin hjir.