Campinggasten Noardwâlde brekke steancaravans ôf: "We kinne net oars"

Op famyljecamping De Hanestede yn Noardwâlde binne campinggasten begûn mei it ôfbrekken fan harren steancaravans. Se kinne har plak net hâlde.
De steancaravans op De Hanestede moatte fuort:
Om't de nije eigeners plannen ha om de campingplakken te ferfangen foar lúkse húskes, reitsje 120 húshâldings har fêste steanplak kwyt. Campinggasten fiele har bot yn 'e steek litten troch de nije eigeners, no't de camping sûnder tafersjoch efterlitten wurdt.
By de poarte fan de camping lizze restanten fan steancaravans © Omrop Fryslân, Earryt Sijens
Jaap en Lokke Beijert stienen al goed 40 jier op de camping. It wie in gouden plak om tiid mei bern en pake- en beppesizzers troch te bringen. De emoasjes binne grut. "Us jongste soan is hjir opgroeid", fertelt Lokke.
Jaap en Lokke Beijert stienen goed 40 jier op de camping © Omrop Fryslân, Earryt Sijens
De argewaasje wie dan ek grut doe't se yn it oantekene brief lêzen dat se it plak foar 1 april leech opleverje moatte. Se betelje no 400 euro om harren steancaravan ôffiere te litten.
De minsken dy't de camping kocht ha binne kapitaalkrêftich. Dêr is neat tsjin te begjinnen.
Lokke Beijert
Se ha beide net it gefoel dat se in poat ha om op te stean. Lokke: "As we der foar 1 april net ôf binne, dan geane de nije eigeners nei de kantonrjochter ta. En as we der tsjinyn gean, kostet it miskien in hiele protte jild. De minsken dy't de camping kocht ha binne kapitaalkrêftich. Dêr is neat tsjin te begjinnen. We kinne net oars."
It emosjonele ferhaal fan Jaap en Lokke Beijert
Omrop Fryslân hat besocht kontakt te sykjen mei de nije eigeners, mar sûnder sukses.
Yn earste ynstânsje wie de lilkens diels rjochte op de âld-eigener. Wêrom wiene se by de ferkeap net op de hichte brocht fan de plannen?

Earst oare plannen

Ald-eigener Hoyte van der Zee is dermei oan. Neffens him feroarje de plannen fan de nije eigeners hieltyd, en wie it oarspronklik hielendal net it plan om alles leech te heljen: "Op 11 januari, bij de oplevering, hoorde ik dat niet een aantal, maar dat alle stacaravans verwijderd worden."
Ald-eigener Hoyte van der Zee
In campinggast ferbrânt in diel fan syn steancaravan © Omrop Fryslân, Earryt Sijens
Van der Zee seit dat it yn eardere plannen ek de bedoeling wie dat gasten oant 1 augustus op harren plak stean koenen bliuwe.
Wa't foar 1 april fuort is, krijt 1.500 euro út 'coulance'. Guon gasten binne benaud dat se dat bedrach net krije as se harren te bot fersette tsjin de nije eigener.

Ynbraak

Se doarre ek net te lang te wachtsjen mei it ôfbrekken en leechheljen fan harren steancaravan, om't der hielendal gjin tafersjoch mear is. By guon caravans is al ynbrutsen.
Hannelers komme op de camping ôf om 'handich gebrûk te meitsjen' fan de situaasje fan de campinggasten. "Der wie hjir al in keapman", fertelle de Beijerts. "Dy ha we wol tûzen kear sjoen. Hy hie in bosk mei 50 euro-briefkes."
Desiree Reddering fan Stichting Recreanten Recht oer de kwestje