Cambuur pakt fertsjinstlik punt op besite by AZ

SC Cambuur hat in knap punt pakt yn de útwedstriid tsjin AZ. It bleau 0-0 en dêrmei beëinige Cambuur in winstrige fan AZ: de Alkmaarders hienen njoggen wedstriden op rige wûn.
Roberts Uldrikis © Orange Pictures
By de Ljouwerters makke Sekou Sylla syn debút. De ferdigener spile oant ôfrûne simmer noch foar de amateurs fan Excelsior Maassluis en no makke er syn earedivyzjedebút. Doke Schmidt wie ek werom yn de basis, nei twa wedstriden skorsing.
Opstelling SC Cambuur: Sonny Stevens; Doke Schmidt, Calvin Mac-Intosch, Erik Schouten, Sekou Sylla; Jamie Jacobs, Mitchel Paulissen, Robin Maulun; Nick Doodeman, Roberts Uldrikis, Patrick Joosten
De Ljouwerters hienen it earder dit seizoen yn Ljouwert noch tige dreech mei AZ, mar lieten sneontejûn lang sjen wêrom't se al 29 punten by-elkoar spile hienen. Yn de begjinfaze wie Cambuur beslist net de mindere.
Grutte kânsen smiet it net op en stadichoan waard de thúsploech dochs sterker. Pas nei 38 minuten spyljen foel de earste grutte mooglikheid fan de wedstriid te notearjen. Op oanjaan fan Håkan Evjen skeat spits Vangelis Pavlidis de bal yn 'e koarte hoeke. Dêr stie ek doelman Sonny Stevens.
Sonny Stevens © Orange Pictures
Nei it skoft hie Cambuur it dreger. Of miskien better sein: wie de druk fan AZ grutter. Evjen, Pavlidis en Jordy Clasie besochten it allegear, mar sy misten allegear de goede rjochting of de Cambuur-definsje koe de bal ta corner ferwurkje.
Dochs liet ek Cambuur noch wat sjen. Ynfaller Michael Breij wie út it neat ticht by de 0-1, mar doelman Peter Vindahl Jensen foarkaam dat.

Opportunistysker en gefaarliker

Stadichoan waard it spul fan AZ opportunistysker. Ynfaller Albert Guðmondsson fûn nei 70 minuten in oare ynfaller, Thijs Oosting. Dy naam de bal knap oan en skeat út de draai njonken.
AZ waard gefaarliker en gefaarliker. De grutste kâns wie tsien minuten foar tiid foar Dani de Wit. Nei in foarset fan Yukinari Sugawara naam er de bal wat gelokkich mei, mar doe stie er samar each yn each mei Stevens. De bal stuite op en fan tichtby kopte De Wit de bal: Stevens ferwurke 'm ta corner, dy't neat opsmiet.

30 punten

Mei it lykspul komt Cambuur op 30 punten út 20 wedstriden. De Ljouwerters steane foarearst op it sânde plak.