Bianca Bakker werhellet keunststikje: maratonwinst yn Eindhoven

Bianca Bakker hat har twadde Maraton Cup op rige wûn. Yn Eindhoven wie de rydster fan Wynjewâld de rapste yn de massasprint.
Bianca Bakker © Orange Pictures
It wie in wedstriid wêryn't geregeld froulju besochten om fuort te kommen op it swiere iis, mar suksesfolle ûntsnappingen wienen der net.
Lisa van der Geest luts de einsprint oan, bleau ek lang op kop, mar waard yn de lêste bocht binnen troch ynhelle troch Bakker. Dy joech har foarsprong net mear fuort. Efter Bakker en Van der Geest waard Brit Qualm tredde.
Bakker hie net tocht dat se har prestaasje fan in wike lyn werhelje koe. "Ik wit dat it iis op It Hearrenfean my leit", sei se foar de kamera fan schaatsen.nl. "Dat is rap iis, dêr kin ik it makliker ticht ride. Hjir is it superswier, ik hie net ferwachte dat it in massasprint wurde soe."

Harm Visser tredde

By de manlju wûn Gary Hekman in wedstriid dy't kwa ferrin op dy fan de froulju like. Wol riders dy't besochten om fuort te kommen, mar gjinien dy't it slagge. Yn de massasprint wie Hekman krekt wat rapper as Sjoerd den Hertog. Bêste Fries wie Harm Visser fan De Westereen op it tredde plak.
Krekt as in wike lyn stiene toppers as Irene Schouten en Marijke Groenewoud út foarsoarch net oan de start. De twa froulju ride kommende moanne op de Olympyske Spelen en wolle fanwege it coronafirus gjin risiko nimme. Itselde jildt foar Jorrit Bergsma by de manlju.