De Friesche Club kriget ferneamd stik biljertlekken by 111-jierrich jubileum

Feest by De Friesche Club yn Ljouwert; se fiere sneon it 111-jierrich bestean fan it KNBB, it Kenininklik Nederlânsk Biljert Bûn. In bûn dat mei oprjochte is troch de de Friesche Club. Om dat te fieren, komt wrâldkampioen Dick Jaspers nei Ljouwert ta mei in spesjaal kado.
De Friesche Club krijt it ferneamde kleed:
It biljertbûn hat it kleed op 'e kop tikke dêr't Dick Jaspers syn fiifde wrâldtitel op binnenhelle yn Egypte. Dat ha se opknipt en it wurdt no ferdield oer tal fan klups yn Nederlân. Ljouwert krige it earste stik.

Lauwertûke

Logysk, seit bûnsdirekteur Willem La Riviere: "De Friesche Club was samen met de Harmonie uit Groningen en een club uit Den Haag de oprichter van de bond." Wrâldkampioen Dick Jaspers wie sels nei Ljouwert kaam om it út te rikken. "Een grote eer om hier zo in de bakermat te staan."
Dêr binne se yn Fryslân noch hieltyd grutsk op. Al stiene se hjir net echt stil by it jubileum, seit Jaap van der Veen: "It bûn kaam dermei en doe ha wy betocht dat we dêr ek wat mei moatte."
Oan it oprjochtsjen fan it bûn hinget noch in moaie anekdoate. "Yn dy tiid spilen Ljouwert en Grins tegearre tsjin in klup út Amsterdam", seit Van der Veen. "Yn dy twakamp wûn it Noarden. De priis wie in lauwertûke. Dy is op de weromreis yn twaen brutsen sa't beide klups in oantinken hienen."
Dick Jaspers by fiering 111-jierrich bestean fan biljertferiening De Friesche Club Ljouwert © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Dat se it krekt no fiere, hat te krijen mei de hjoeddeiske situaasje fan in soad ferienings. Dy ha lêst fan weromrinnende lede-oantallen. Nije leden fine is dreech, hielendal yn tiden dat se net iepen binne.
La Riviere: "Het is daarom vooral ook symbolisch dat we dat nu met 111 jaar doen. De verenigingen kunnen de steun goed gebruiken. We hopen ook echt dat we zo kunnen laten zien dat ook wij open kunnen."

Nije leden

By De Friesche Club hoopje se gau de hoezen wer fan it biljert te lûken. It ledetal rint werom en dat is net goed foar de sport. "We kinne hjir wol nije leden brûke", seit Van der Veen.
Ek Jaspers hopet op mear nije oanwaaks: "Het is een hoffelijke sport. Driebanden is niet simpel. Het vergt veel tactisch inzicht maar je wilt altijd beter worden. Dat is er zo mooi aan." Van der Veen is it dêr mei iens: "Ik bin 83. Mar it kopke sit noch goed. Dat komt troch it biljerten."