Fryske froulju foarmje top fjouwer nei earste dei NK sprint

Ireen Wüst giet nei de earste dei fan it NK sprint yn Thialf oan de lieding. Op de earste 1.000 meter pakte se de winst, op de 500 meter waard se sânde.
Ireen Wüst © ANP
Op de 500 meter hienen Dione Voskamp en Michelle de Jong (Rottum) de bêste tiid. By beide rydsters stie der nei de earste ôfstân fan it toernoai 38,15 op de klok. Voskamp wie twa tûzensten fan in sekonde rapper.
Wer 0,17 dêrnei waard Marrit Fledderus (Sint-Nyk) tredde en flak dêrachter siet Helga Drost (Akkrum). Ireen Wüst (It Hearrenfean) waard sânde, Letitia de Jong (Feanwâlden) tolfde.

Wüst fluch op 1.000 meter

Op de 1.000 meter wie Wüst fierwei de fluchste. Har 1.15,07 wie folle rapper as de 1.16,17 fan nûmer twa Michelle de Jong. Fledderus finishte as tredde, krekt foar Drost.
De útslach op de 1.000 meter is foar harren itselde as de tuskenstân yn it klassemint. Wüst giet dus oan de lieding mei 76.145 punten. Michelle de Jong sit dêr mei 76.235 krekt efter, folge troch Fledderus en Drost.

Klassemint nei twa fan de fjouwer ôfstannen

500 meter 1.000 meter Punten Efterstân
1. Ireen Wüst 38,61 (7) 1.15,07 (1) 76.145
2. Michelle de Jong 38,15 (2) 1.16,17 (2) 76.235 +0,09
3. Marrit Fledderus 38,32 (3) 1.16,33 (3) 76.485 +0,34
4. Helga Drost 38,39 (4) 1.16,61 (4) 76.695 +0,55
5. Dione Voskamp 38,15 (1) 1.17,20 (9) 76.750 +0,61
10. Letitia de Jong 39,01 (12) 1.16,98 (7) 77.500 +1,36
Snein steane fan 15.25 oere ôf de twadde 500 en 1.000 meter op it programma. De winner fan it NK sprint krijt in ticket foar it WK sprint, dat yn maart yn Hamar (Noarwegen) holden wurdt.
Jutta Leerdam, Femke Kok en Suzanne Schulting pakten ferline jier de medaljes op it NK sprint. Sy dogge dit jier net mei.

De Hair trettjinde

By de manlju stiet der mar ien Fries oan de start: Rem de Hair fan De Jouwer. Hy waard op de earste dei twa kear fyftjinde. Op de 500 meter notearre er in tiid fan 35,86. Op de 1.000 meter wie syn tiid 1.12,14. Dêrmei stiet er yn it klassemint trettjinde.
Rem de Hair © Orange Pictures
Tijmen Snel giet oan de lieding mei in tredde plak op de 500 meter en winst op de 1.000. De oerwinning op de 500 meter wie foar Dai Dai N'tab, mar dy gong op de 1.000 meter ûnderút.

Klassemint nei twa fan de fjouwer ôfstannen

500 meter 1.000 meter Punten Efterstân
1. Tijmen Snel 35,21 (3) 1.08,51 (1) 69.465
2. Lennart Velema 35,30 (5) 1.09,43 (3) 70.015 +0,55
3. Janno Botman 35,29 (4) 1.09,51 (4) 70.045 +0,58
4. Serge Yoro 35,38 (6) 1.09,73 (5) 70.245 +0,78
5. Wesly Dijs 35,85 (14) 1.09,25 (2) 70.475 +1,01
13. Rem de Hair 35,86 (15) 1.12,14 (15) 71.930 +2,47
Snein steane fan 17.16 oere ôf de twadde 500 en 1.000 meter op it programma. Ek by de manlju mei de winner fan it NK yn maart nei it WK.

Toppers ûntbrekke

By de manlju ûntbrekke ek in pear grutte nammen, lykas Kai Verbij en Hein Otterspeer. Kjeld Nuis stie wol oan de start, mar nei sa'n 200 meter like er in blessuere op te rinnen. Hy notearre gjin tiid.