Antoinette de Jong langer by Jumbo-Visma

Reedrydster Antoinette de Jong bliuwt oant en mei 2024 riden by Team Jumbo-Visma. De 26-jierrige Friezinne is no dwaande oan har fjirde seizoen by it team fan Jac Orie.
© Orange Pictures
Yn in parseberjocht seit De Jong dat se hiel graach by it team bliuwe woe. Se is dêrom hiel bliid dat Jumbo-Visma har in kontraktferlinging jout.

Nei de Olympyske Spelen

De Jong tinkt dat se noch in protte leare kin fan trainer Jac Orie: "Jac is de earste trainer dy't sjocht hoe't ik my ûntwikkelje. Hy wol foar eltsenien it bêste en stekt in protte tiid yn yndividuele skema's." Foar De Jong docht dat fertuten, want se hat har op fjouwer ôfstannen pleatst foar de Olympyske Winterspelen fan takom moanne yn Sina.
Njonken goed prestearje op de Winterspelen hat se ek noch in oar doel foar eagen: "Ik soe hiel graach ris wrâldkampioen allround wurde wolle."