Anema sânde nei earste dei NK allround, Tjerk de Boer fiifde

Reina Anema stiet nei de earste dei op it NK allround yn Thialf op it sânde plak yn it klassemint. By de manlju is Tjerk de Boer nei de earste dei de bêste Fries op it fiifde plak.
© Orange Pictures
Anema fan De Gordyk ried op de 500 meter 40,96. Dêrmei wie se 1,63 sekonden stadiger as de winneres by de froulju Elisa Dul, dy't ta 39,33 kaam.
It twadde plak wie yn 39,35 foar Gioya Lancee en it tredde plak gie mei 39,45 nei Merel Conijn. Kim Talsma fan Grou wie mei 40,69 de bêste Friezinne. Sanne Westra fan Drachten waard trettjinde mei in nij persoanlik rekôr fan 40,99.

Tiid goedmeitsje

Op de 3.000 meter moast Anema hast tsien sekonden goedmeitsje op klassemintslieder Dul. Mei 4.05,20 waard de Friezinne úteinlik tredde op dizze ôfstân, mar ek Dul sette in hiel goede race del. Se ried in nij persoanlik rekôr fan 4.08,24.
De winst gie op de 3.000 meter nei Joy Beune yn 4.04,51. Merel Conijn waard twadde yn 4.05,07 en pakte dêrmei de lieding yn it klassemint.
Westra ried ek op dizze ôfstân wer in persoanlik rekôr: 4.27,29. Dêrmei waard se santjinde. Kim Talsma ried 4.17,90 en einige as trettjinde.
Reina Anema sit al oardel wike yn in hotel:

Klassemint nei twa fan de fjouwer ôfstannen

500 meter 3.000 meter Punten Efterstân op 1.500 meter
1. Merel Conijn 39,45 (3) 4.05,07 (2) 80.295
2. Elisa Dul 39,33 (1) 4.08,24 (5) 80.703 +1,22
3. Melissa Wijfje 39,63 (5) 4.06,46 (4) 80.706 +1,23
4. Joy Beune 40,08 (6) 4.04,51 (1) 80.831 +1,60
5. Robin Groot 39,59 (4) 4.09,83 (7) 81.228 +2,79
7. Reina Anema 40,96 (12) 4.05,20 (3) 81.826 +4,59
11. Kim Talsma 40,69 (10) 4.17,90 (13) 83.673 +10,13
16. Sanne Westra 40,97 (13) 4.27,29 (17) 85.518 +15,66
Op it NK is noch ien startbewiis foar it WK allround te fertsjinjen. Titelferdigener Antoinette de Jong fan Rottum docht net mei oan it NK, om't se al wis it fan it WK en har graach tariede wol op de Olympyske Spelen kommende moanne.
Op snein steane foar de dielnimsters noch de 1.500 en de 5.000 meter op it programma.

Tjerk de Boer bêste Fries by de manlju

By de manlju stiet Tjerk de Boer fan Weidum nei de earste dei op it fiifde plak. Dêrmei is er de bêste Fries.
Marwin Talsma fan Grou, dy't ferline jier tredde waard, stiet fjirtjinde. Hy hopet op it NK it lêste WK-ticket te pakken. Dêrfoar moat er kampioen wurde. Jur Veenje fan Earnewâld stiet nei dei ien krekt wat heger: trettjinde.
Tjerk de Boer © Orange Pictures
Op de 500 meter waard De Boer twadde mei in tiid fan 36,20 en op de 5.000 meter tolfde yn 6.35,32. Veenje ried op de koarste ôfstân nei 37,92. Op de 5.000 meter sette er in persoanlik rekôr del: sântjinde yn 6.45,21.

Talsma stelt teloar

Talsma einige op de 500 meter as achttjinde mei 38,75. Dêrmei wie er 2,65 sekonden stadiger as winner Louis Hollaar en wist er dat er op de oare ôfstannen in soad tiid goedmeitsje moast. Omrekkene nei de 5.000 meter wie Talsma syn efterstân op Hollaar leafst 33 sekonden.
Mar op de 5.000 gong it ek net goed by Talsma, dy't gewoanwei just sterker is op de langere ôfstannen. Yn de lêste rit sette er in tiid del fan 6.31,40. Dêrmei wie er hast fyftjin sekonden stadiger as Marcel Bosker, dy't de ôfstân wûn. Talsma waard achtste.
"Dit hie ik net tocht, ik bin teloarsteld":

Klassemint nei twa fan de fjouwer ôfstannen

500 meter 5.000 meter Punten Efterstân op 1.500 meter
1. Marcel Bosker 37,22 (6) 6.16,50 (1) 74.870
2. Louis Hollaar 36,09 (1) 6.32,49 (9) 75.339 +1,41
3. Beau Snellink 37,81 (11) 6.17,31 (2) 75.541 +2,02
4. Chris Huizinga 37,32 (8) 6.23,42 (4) 75.662 +2,38
5. Tjerk de Boer 36,20 (2) 6.35,32 (12) 75.732 +2,59
13. Jur Veenje 37,29 (7) 6.45,21 (17) 77.811 +8,83
14. Marwin Talsma 38,75 (18) 6.31,40 (8) 77.890 +9,06
Op snein steane foar de manlju noch de 1.500 meter en 10.000 meter op it programma.

Gjin Kramer en Roest

Patrick Roest en Marcel Bosker binne al wis fan in startplak op it WK allround. Dy earstneamde docht, krekt as Sven Kramer, fanwegen de kommende Olympyske Spelen net mei oan dit toernoai.