Ireen Wüst set Fryske ploechgenoaten yn 'e moaie manljusposters

Ireen Wüst genietet fan har tarieding foar de Olympyske Spelen. Yn Team Reggeborgh is sy âldste. Wüst giet om mei trije jonge Fryske froulju yn de ploech: "We noemen die drie als ze bij elkaar zijn wel Omrop Fryslân."
Ireen Wüst © Orange Pictures
De no 35-jierrige Ireen Wüst giet op foar har lêste Olympyske Spelen. Yn har team sitte trije Fryske froulju: Femke Kok, Michelle de Jong en Marrit Fledderus. "Ik vind die jonge meiden om me heen heel leuk. Ze kwebbelen de hele dag door. Dat is wel erg leuk. Dat gaat over van alles, van jongens tot schaatsen. We hebben dan ook een bijnaam voor ze: Omrop Fryslân."

Wüst heart der hielendal by

Michelle de Jong en Femke Kok sille mei nei de Spelen. Omrop Fryslân spruts har alle trije yn in fideomeeting rjochting de Spelen. Femke Kok regearret fuort as de namme Ireen Wüst neamd wurdt: "O, mar sy heart der hielendal by hear. Wy binne wol in soad mei syn trijen, mar Ireen past der goed by. En wy leare in soad fan har."
Oer de bynamme sizze Michelle de Jong en Femke Kok eins itselde. Kok: "O, we ha in hiel soad bynammen. Kwik, Kwek en Kwak. De drie musketiers. O, Omrop Fryslân ek ja."
Het plan is om er een meidenappartement van te maken.
Michelle de Jong
Mar Wüst hat ek goeie tips foar de jonge reedrydsters: "It binne ek faak hiele praktyske tips. Wy moatte bygelyks allinnich mar yn Nederlânske klean rinne, dus it hat net safolle sin om in soad oare klean mei te nimmen."

Moaie manljusposters

Wüst: "We hebben slingers en posters gekocht. Om de kamers een beetje op te vrolijken. Wat gezelliger te maken. Wat er op die posters staat? Ja, mooie mannen natuurlijk."
Kok: "Sy hat der ek foar soarge dat we allegear sa'n polaroidkamera meinimme, sa't wy allegearre leuke foto's meitsje kinne. Eltsenien nimt wat mei."
Wüst kin tips jaan dêr't de oaren yn 't foar noch net oer prakkesearre hawwe. Michelle de Jong: "Het plan is om er een meidenappartement van te maken. Ik heb sinds kort een Nintendo Switch. Dus neem de spelletjes mee, zoals Just Dance en Mario Kart. Dus dan kunnen we lekker racen en dansen."
Femke Kok © Orange Pictures
Femke Kok sit al sûnt it olympysk kwalifikaasjetoernoai fan ein desimber yn karantêne mei har heit en mem. "Sy wurkje no alle twa thús en wy komme eins nearne. It is thús sitte, nei Thialf om te riden, dêr efkes ite en wer nei hûs. It is wol hiel noflik dat sy dat foar my dwaan kinne. Dat is better as yn in hotel."

De coronasituaasje

Wüst is hielendal klear mei de situaasje. "Ik ben blij dat ik na de Spelen mijn sociale leven weer kan op pakken. Familie en vrienden weer mag knuffelen." Dêrneist hat se der ek wol nocht oan om nei Sina te reizgjen.
Michelle de Jong: "Ik zie bijna niemand. Ik woon met een teamgenoot, met mijn vriend. Zo nu en dan zie ik mijn ouders, maar die zien ook bijna niemand. Ik zie Antoinette eigenlijk ook niet. Zij zit natuurlijk in een andere ploeg en in een ander hotel. Dus dat is wel apart."
Michelle de Jong © Orange Pictures
Femke Kok stie lang noch wol op de startlist, mar hat har dochs ôfmeld foar it Nederlânsk kampioenskip sprint fan dit wykein. "Ik kin moandei ek noch in wedstriid ride, dus dat fyn ik dan prima. En ik wol oaren ek net dwers sitte. Earst wie it de bedoeling om dan allinnich de earste dei te racen, mar dat fyn ik ek neat."
Michelle de Jong docht wol mei. Kok en Leerdam binne al wis fan dielname oan it WK Sprint yn Hamar fan begjin maart, mar der is noch ien plak oer. "Daar wil ik me natuurlijk ook graag voor plaatsen, maar dat is niet het enige. Het is ook gewoon een NK en ik wil graag een mooi toernooi rijden."