Piet Paulusma beneamd ta ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau: "It docht in soad mei my"

Waarman Piet Paulusma is freed beneamd ta ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Paulusma hat de Keninklike ûnderskieding krigen fanwege syn ynset foar Fryslân en tal fan organisaasjes.
Piet Paulusma krige de ûnderskieding yn it Provinsjehûs:
Under lûd applaus waard Paulusma binnenhelle. It wie in grutte ferrassing om't er tocht dat er útnûge wie foar in lêzing. It lintsje waard opspjelde troch Lume Paulusma, de twillingbroer fan Piet.

"Wurk foar my hiel gewoan"

"It docht in soad mei my", sei Paulusma. "Ik bin der bliid mei en grutsk op. En ik bin bliid mei alle minsken dy't it stipe hawwe. It is sa groeid, myn wurk is foar my hiel gewoan. Ik haw my wol oars delset as oare waarfoarsizzers. Mar wat moatte je der fan sizze. Ik bin der grutsk op."
De ûnderskieding waard yn de Steateseal fan de provinsje útrikt troch kommissaris fan de Kening Arno Brok en boargemaster Ina Sjerps fan Harns. "Do bist ús winterkening, en dat al 35 jier lang", sei kommissaris Brok tsjin Paulusma.
Piet Paulusma jout in earste reaksje
Yn it Provinsjehûs wiene ferskate pommeranten bywêzich, lykas foarsitter Wiebe Wieling fan de Alvestêdeferiening, omropdirekteur Jan Slagter en radio-dj Erik de Zwart.

Foardroegen

De foardracht is dien om't Paulusma him al jierren ynset foar allerhanne organisaasjes. Tal fan ynstânsjes meitsje gebrûk fan Paulusma syn kennis.
Kommissaris Brok seit yn syn taspraak wêrom't Paulusma it lintsje fertsjinnet
Hy wurket faak belangeleas mei oan maatskiplike doelen. Paulusma is ambassadeur foar ferskate frijwilligersklups en wie lang foarsitter fan de feestkommisje en de iisferiening yn Hjerbeam, dêr't hy jierren wenne.
Omrop Fryslân hat de foardracht ek stipe. De Omrop hat in soad wurdearring foar Paulusma: hy groeide út ta synonym foar it waarberjocht yn Fryslân. Piet Paulusma is in begryp wurden.
Piet Paulusma yn in radiostudio fan Omrop Fryslân © Omrop Fryslân
De Harnzer begûn yn 1985 as waarman by Omrop Fryslân op de radio. Op 1 desimber fan dat jier naam er it moarnswaarberjocht oer fan Hans de Jong fan De Gordyk. It wie it begjin fan in lange karriêre op radio en telefyzje.

Nijsgjirrich nei it waar

Paulusma syn ynteresse yn it waar begûn ein jierren 70. Hy folge in kursus, kocht boeken en waard waarnimmer. Hy wurke noch by de PTT, mar regele sels dat er ynsjoch krige yn it waar.
Syn earste waarberjochten makke er foar de Franeker Courant. Dêrnei kamen de radio, it Friesch Dagblad, RTV Noord en tal fan oare media. Yn 1994 ferskynde er foar it earst op telefyzje, foar it wykeinwaarberjocht fan Omrop Fryslân.

Alvestêdetocht as basis

Syn lanlike trochbrank hie er te tankjen oan de Alvestêdeferiening. "Dat wie mei de lange Alvestêdekoarts fan 1995-'96 en 1996-'97", fertelde hy earder. "It bestjoer krige alle dagen in faks fan my mei it waar en ik foarsei dat it min 12 waard, wylst kollega's teiwaar foarseinen."
Henk Kroes wie doedestiids iismaster foar de Alvestêdeferiening en socht in waaramateur mei doel oer Fryslân. Sa kaam Paulusma, as man fan it fjild, yn byld. "Ik ha wolris tsjin Henk Kroes sein dat hy de basis lein hat foar myn lanlike karriêre."

Nei de lanlike stjoerders

Paulusma foel op troch syn wurk by de Alvestêdetochten. Dêrtroch koe Paulusma yn 1996 oan de slach foar SBS. De gearwurking mei Omrop Fryslân hat Paulusma altyd goed befallen. Doe't er by SBS begûn, hat er oanjûn him net te ferplichtsjen om op te hâlden by de Omrop. Want dat woe er net. "Aldergeloks wie dat net in probleem."
Nei goed 23 jier makke er de oerstap nei Omroep MAX. It deistige 'oant moarn' gie mei. It tekenjen fan it kontrakt wie foar Paulusma de ein fan in ûnwisse perioade nei it dien krijen by SBS. Net allinne foar himsels, mar ek foar syn personiel.

Jubileums

Al dy tiid is er Omrop Fryslân trou bleaun. De earste kear op de radio wie op 1 desimber 1985 en it telefyzjedebút by de Omrop wie op 11 febrewaris 1994. De earste útstjoering wie noch yn de studio oan de Ljouwerter Nijstêd, mar Paulusma en de redaksje wiene it der gau oer iens dat it waarberjocht nei bûten moast.
Yn 2020 mocht Paulusma syn 35-jierrich jubileum by Omrop Fryslân fiere. It jier dêrfoar hie hy it jubileum fan 25 jier op telefyzje al helle.
It liket soms oft Paulusma noait frij hat. It waar stie altyd op it earste plak. Mar dochs hat hy ek wolris fakânsje. "Dan kin ik my wol goed deljaan, hear."
Yn de jierren dat Paulusma aktyf as waarman is, waard er stadichoan in bekende Nederlanner. Sels sjocht er it oars: "Ik haw fan myn hobby gewoan myn berop makke."