HEA! In eigen plak foar de Boonstra's

De manlju fan de famylje Boonstra fan Beetstersweach komme net graach yn de wenkeamer. Se fiele har dêr nei in ferbouwing net thús. Alteast, sa wie it njoggen jier ferlyn. Doe't HEA! yn 2012 op besite kaam, hiene Tjalling, Willem en Oane Willem har eigen hok en sieten dêr mear as yn de wenkeamer. Yn 2022 is it net hiel oars. Noch altyd binne de Boonstra's it faakst yn har hok te finen en komme se allinnich foar it iten yn de wenkeamer.
HEA! Boonstra's