Súdwest-Fryslân wol sels ûndersykje hoe't Empatec bestjoerd wurde moat

De gemeente Súdwest-Fryslân wol dochs sels ûndersykje hoe't de bestjoersstruktuer fan sosjaal wurklearbedriuw Empatec oars kin en hoe't de gemeenteried mear ynfloed hawwe kin. Ek al is der al earder in takomstplan makke.
Oerlanging fan it riedsenkêterapport troch foarsitter Pieter de Vries oan boargemaster Jannewietske de Vries © gemeente Súdwest-Fryslân
Dat is ien fan de oanbefellingen, dy't kaam is út de riedsenkête nei de finansjele en bestjoerlike problemen by Empatec. No is de gemeente mei Harns, Waadhoeke en De Fryske Marren eigener fan Empatec fia de saneamde Gemeenschappelijke Regeling, de GR. In opsje is om dy GR ôf te skaffen en Empatec as NV op te heffen. Súdwest-Fryslân wol dan sels opdrachten jaan oan Empatec. De gemeenten wurde oandielhâlder.

Alle opsjes ferkenne

Der is earder troch de fjouwer kolleezjes en de GR in takomstplan makke, de saneamde businesscase. Dêryn binne oanpassingen dien om de gemeenten mear ynfloed te jaan. Allinnich it kolleezje fan Súdwest-Fryslân stiet der noch net achter. Dy wol alle mooglike bestjoerlike opsjes ferkenne.
Dat is ek de útkomst fan de riedsenkête. Dy fynt it plan ek net fier genôch gean en docht de suggestje dat de gemeenten direkte oandielhâlders wurde fan it bedriuw.

Fragen oan it kolleezje

Riedsleden krigen woansdeitejûn yn de kommisjegearkomste Boarger en Mienskip de kâns om fragen te stellen oan it kolleezje oer de riedsenkête en de oanbefellingen. Der wienen fragen oft it kolleezje de opsjes oer hoe't Empatec bestjoerd wurde moat en hokker ynfloed de rieden dêrby hawwe, al útsocht hat.
Dat is noch net sa, it giet om it ferkennen fan dy opsjes, seit wethâlder Gea Wielinga. Ek binne der fragen oer de termyn fan besluten, want de riedsferkiezingen komme der oan en dan moat alles oerdroegen wurde.
In wein fan sosjaal wurkbedriuw Empatec © Omrop Fryslân, Sian Wierda

Ek sjen nei de minske

Der is hieltyd sein dat foar de wurknimmers fan Empatec neat feroarje sil yn bygelyks de leanen en pensjoenen. Dochs is der ûnrest ûntstien. Neffens Empatec-direkteur komt dat ûnder oaren troch al de ferskillende ûndersiken en publikaasjes.
Dêryn stiet hieltyd allinnich de finansjele en bestjoerlike kant sintraal en net it minskbyld. Hy pleite der dan ek foar om by it kiezen fan de takomstige betsjoersfoarm dêr wol rekken mei te hâlden.
Yn febrewaris nimt de gemeenteried in beslút en yn maart moatte alle fjouwer gemeenterieden beslute oer de takomst. It is mar de fraach oft dat slagget.
Ferslachjouwer Ronnie Porte folge de digitale gearkomste